De Nederlânske Kustwacht (Nederlânsk: Nederlandse Kustwacht), almeast koartwei de Kustwacht neamd, en ek wol Kustwacht Nederlân, ta ûnderskie fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet, is de kustwacht fan it Jeropeeske diel fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Dizze organisaasje is ferantwurdlik foar saken as kustbewekking, helpferliening by need op see, sykjen en rêden op see, tafersjoch op it neilibjen fan maritym rjocht, tafersjoch op 'e skipfeart, bestriding fan smokkeljen oer see en ynspeksje fan 'e fiskerij. De Kustwacht bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1987 en ressortearret ûnder de Keninklike Marine. Yn opdracht fan seis Nederlânske ministearjes fiert de Kustwacht út syn haadkertier yn De Helder wei taken út y.g.m. oare ûnderdielen fan 'e Nederlânske Striidkrêften, de Nasjonale Plysje en de Dûane.
... Montreal yn Kanada de twad-grutste Frânsktalige stêd op de wrâld is? Mei 3,5 miljoen ynwenners yn de stedekloft is it de grutste stêd yn de Frânsktalige provinsje Kebek.
... it parlemint fan Man, it Tynwald, it âldste ûnûnderbrutsen funksjonearjende parlemint fan 'e wrâld is? It waard al oprjochte yn 979.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.