Sjoerd Groenhof (Ljouwert, 10 july 1963) is bekend wurden as polityk aktivist en fryske taalstrider. Syn belangstelling lei yn it earstoan yn de lokale fryske polityk mar hy groeide stadichoan út ta in bekende foarfjochter foar mear sichtbers fan de Fryske taal en identiteit yn Fryslân.

Hy is lânlik bekend wurden doe't er yn 23-04-2007 yn de gemeente Achtkarspelen tsjinoer de Boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen, dhr Lyklema, formeel de Ferklearring fan Ofstân die fan syn Nederlânske Nasjonaliteit, dit as Nederlânsk Steatsboarger en dêrfoar yn it plak de Fryske Nasjonaliteit hawwe woe. Ien fan syn argumintaasjes wie dat it regear fan Nederlân op 1 juny 2005, it Europeesk Ramtferdrach ûnderskreaun ha dat Friezen formeel in Nasjonale Minderheid binne yn Europa.

(It Ramtferdrach Nasjonale Minderheden is in ferdrach dat op 1 febrewaris 1995 troch de leden fan de Ried fan Europa sletten waard. Nederlân hat it ferdrach ek op dy datum ûndertekene. Pas op 30 novimber 2004 waard it útstel ek oannommen troch de Earste Keamer. Op 16 febrewaris is it ramtferdrach troch Nederlân úteinlik ratisifisearre en is fan 1 juny 2005 fan krêft wurden. Dêrtroch binne de Friezen yn Nederlân en Europa erkend as in echte nasjonale minderheid).

Syn folsleine ferklearring is hjir te lêzen https://www.wiismeifryslan.com/ferklearring-fan-ofstan/.

🔥 Top keywords: