Stockholm of Stokholm[1] (Sweedsk: Stockholm) is de haadstêd fan Sweden; de stêd hat likernôch 743.000 ynwenners.
Stockholm leit oan de eastkust fan Sweden, dêr't de útrin fan de Mälarmar útkomt by de binnenste eilannen fan de skearenkust fan de Eastsee.
Stockholm is de grutste stêd fan Sweden, en foarmet in gemeente op himsels. De stêd is it sintrum fan in stêdekloft mei likernôch 1,82 miljoen ynwenners. Stockholm is de sit fan it regear fan Sweden en it wenplak fan de kening, Karel XVI Gustaaf.
Stockholm wurdt foar it earst yn 1252 yn in geskrift neamd. De namme komt fan de gearstelling stock (blok hout) en holm (eilantsje) en stiet foar it Gamla Stan fan no. Guonts miene dat de stêd stifte is troch Birger Jarl, om Sweden te beskermjen tsjin oanfallen út see wei.
De strategyske lizzing (tagong fan it Mälarmar) soarge derfoar dat Stockholm de wichtichste stêd fan it lân waard, benammen yn de striid om de ûnôfhinklikens tsjin Denemark. Yn 1600 hie de stêd 10.000 ynwenners en yn 1680 wiene dat al 60.000 ynwenners. Earst yn 1634 waard Stockholm de offisjele haadstêd fan it Sweedske Ryk. Tusken 1713 en 1714 hearske de Swarte Dea yn de stêd, dy't in protte deaden fan gefolgen hie. Neist de befolkingsgroei heakke doe ek de ekonomyske ûntjouwing.
In de twadde helte fan de 19e iuw kaam de yndustry op en waard Stockholm fannijs de meast wichtige stêd fan it lân. Yn de 20e iuw krige de namme Stockholm klank yn de wrâld as sintrum fan arsjitektuer en moderniteit. De stêd bloeide en waard tige útboud yn ferskate rjochtingen, ûnder it Miljoeneprogramma. Bygelyks Rinkeby, Sollentuna en Tensta, mei in grut part ymmigranten, binne doe ûntwikkele. Noch hieltyd is Stockholm ien fan de meast hurd waaksende (haad)stêden fan Jeropa.
Yn de gemeente sels wenje sa'n 770.000 minsken, yn de Stockholmske agglomeraasje 1,8 miljoen minsken, wat delkomt op likernôch 20% fan de hiele Sweedske befolking. Foaral yn de bûtenwiken (sa as Rinkeby, Skärholmen en Tensta) wenje in soad minsken mei in útlânske eftergrûn. Sy komme meast út it Heine Easten, East-Afrika en East-Aazje.
It ynwennertal fan Stockholm troch de iuwen hinne:
Jier
Stockholm
Sweden
Part
2005
771.038
9.047.752
8,5%
2000
750.348
8.882.792
8,4%
1995
711.119
8.837.496
8,0%
1990
674.452
8.590.630
7,9%
1985
659.030
8.358.139
7,9%
1980
647.214
8.317.937
7,8%
1970
740.486
8.091.782
9,2%
1960
808.294
7.500.161
10,8%
1950
744.143
7.041.829
10,6%
1940
590.503
6.371.432
9,3%
1930
502.213
6.142.191
8,2%
1920
419.440
5.904.489
7,1%
1910
342.323
5.522.403
6,2%
1900
300.624
5.136.441
5,9%
1850
93.070
3.482.541
2,7%
1800
75.517
2.347.303
3,2%
1750
60.018
1.780.678
3,4%
Stockholm yn 1690, mei Gamla Stan yn it midden
Sergels torg, sintrum fan Stockholm.
Binnenstêd sjoen fanôf it Keninklik Paleis, lofts it operagebou