Akwadukt

In akwadukt is in brêge foar in wetterrin (rivier, kanaal) of in wetterlieding, wêrby't oare (ferkears)streamen ûnder it wetter troch laat wurde.

Romeinsk akwadukt by Segovia, Spanje

Tapassingen

Rom foar it begjin fan de jiertelling waarden akwadukten al brûkt as wichtich ûnderdiel fan yrrigaasjesystemen. Bekend binne ek de grutte Romeinske akwadukten (aqua=water, ducere=liede), dy 't grutte stêden fan drinkwetter foarseagen. Guon dêrfan koenen sa'n 190.000 m3 de dei oerbringe (Chanson, 2000). Yn Rome wurde inkele akwadukten ek hjoeddedei noch foar dat doel brûkt.

Pas letter waarden ek akwadukten boud foar it skipfeartferkear. Yn Fryslân giet it hieltiten om in wei dy't in wetterwei ûnderlân krúst, mar yn oare lannen binne ek befarbere akwadukten boud op it plak wêr't twa wetterwegen mei ferskillende wetterhichtes inoar kruse. Minstens ien fan beide krusende wetterwegen is yn dat gefal dus keunstmjittich. In akwadukt yn in auto(snel)wei hat in soad wei fan in tunnel. It grutte ferskil is dat by in akwadukt de wetterwei troch in betonnen bak streamt, wylst by in tunnel allinnich mar sprake is fan in konstruksje ûnder de oarspronklike bêding troch.

Romeinske akwadukten

Inkele bekende Romeinske akwadukten binne te finen yn:

Akwadukten yn Fryslân

Akwadukt by Grou

Akwadukten yn Nederlân

It Gouwe-akwadukt.
  • Alphen-akwadukt yn de Gouwe by Alfen oan de Ryn (N11); 1998
  • Amstel Akwadukt yn de Amstel besuden Uithoorn, N201; 2014
  • Akwadukt yn de Berkel by Borculo; 1967
  • Boxemtunnel, in akwadukt yn de N331 tusken Swol en Hasselt
  • Cortlandt-akwadukt yn de Ringfeart fan de Zuidplaspolder, yn Nieuwerkerk aan den IJssel (A20); 1984
  • Dampoortakwadukt yn it Kanaal troch Walcheren by Middelburch, N57; 2011
  • Eko-akwadukt Zweth en Slinksloot tusken Skiedam en Midden-Delflân, A4; 2015
  • Akwadukt Feluwemar yn de Feluwemar by Harderwyk (N302); 2003
  • Gaachakwadukt yn de Gaach by Schipluiden (A4); 1998
  • Gouwe-akwadukt yn de Gouwe by Gouda (A12); 1981
  • Limesakwadukt yn de Alde Ryn by Leiderdorp en Zoeterwoude-Rijndijk, A4; 2014
  • Navidukt Krabbersgat yn de Houtribdyk by Inkhuzen (N307); 2013
  • Rien Nouwen Akwadukt yn it Gein by Abcoude foar it spoar Amsterdam-Utert; 2006
  • Akwadukt Ringfeart Haarlimmermar yn de Ringfeart fan de Haarlimmermarpolder by Nieuwe Wetering (A4); 1958
  • Akwadukt Steenbergen aan Zee, by Stienbergen, A4; 2013
  • Akwadukt Vechtzicht, yn de Fecht by Muiden; 2016
  • Vlietakwadukt by Leidschendam, (N14); 2003
  • Waterdrager yn de Ringfeart fan de Zuidplaspolder, yn it sintrum fan Nieuwerkerk aan den IJssel

Akwadukten yn Belgje

  • Le pont-canal du Sart te Houdeng-Aimeries by La Louvière
  • In akwadukt by de Skipslift fan Strépy-Thieu

Akwadukten yn it Feriene Keninkryk

  • Barton Swing Akwadukt dy't it Bridgewater Canal oer it Manchester Ship Canal fiert yn Barton by Manchester;
  • Pontcysyllte Akwadukt dy't it Llangollen Canal oer de rivier de Dee fiert yn it noardeasten fan Wales.
  • Avon Akwadukt

Navidukt

In navidukt is ek in akwadukt, mar dan mei in skutslûs yn de wetterrin. It ienige Nederlânske navidukt leit by Inkhuzen yn de Houtribdyk, it Navidukt Krabbersgat.

Keppeling om utens

  • [1] 5 nije akwadukten yn Fryslân
  • [2] List mei 600 Romeinske akwadukten wêrfan 25 yn detail beskreaun

Boarne

  • Chanson, H. (2000).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aquaduct fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: