Albertville (Frankryk)

Albertville (Savoyaardsk: Arbèrtvile) is in stêd yn it súdeasten fan Frankryk. It leit yn it departemint Savoie yn it Frânske part fan de Alpen. It leit yn it arrondissemint mei de lykneamige namme Albertville. Troch de stêd rint de rivier Arly. De stêd hat sawat 18.000 ynwenners dy't Albertvillois neamd wurde.

Albertville
Albertville
Albertville
Polityk
LânFrankryk
RegioRhône-Alpes
DepartemintSavoie
Sifers
Ynwennertal18.009 (2006)
Oerflak17,5 km²
Befolkingsticht.1.029,1 ynw/km²
Oar
Stifting1836
Postkoade73200
Wapen fan Albertville

Yn 1992 binne dêr de Olympyske Winterspullen hâlden yn it skygebiet fan Les Trois Vallées en La Plagne. Yn datselde jier waarden ek de Paralympyske Winterspullen 1992 yn Albertville hâlden. Westlik fan Albertville leit it Olympysk park mei ferskate stadions en yn de stêd is it Olympysk Hûs (Frânsk: Maison des 16es Jeux Olympiques d'Hiver) werom te finen.

Ferkear en ferfier

Albertville en omjouwing

Yn de gemeente leit spoarweistasjon Albertville.

Ferskaat

Keppelings om utens

🔥 Top keywords: