Anni-Frid Lyngstad

Anni-Frid (Frida) Synni Lyngstad, Prinses Reuss, Gravin fan Plauen (Ballangen, Nordland, 15 novimber 1945) is in Sweedsk sjongeres fan Noarsk komôf. Hja is bekend as ien fan de twa sjongeressen fan de popgroep ABBA.

Anni-Frid Lyngstad
sjonger en/of muzikant
Anni-Frid Lyngstad yn 1980
Anni-Frid Lyngstad yn 1980
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAnni-Frid Synni Lyngstad
nasjonaliteit Sweedsk
berne15 novimber 1945
berteplakBallangen, Nordland flagge fan Noarwegen
wurkpaad
sjenrePop
sjongtaalIngelsk,
Sweedsk
grutste hit(s)Waterloo,
Fernando,
Dancing Queen
jierren aktyf1958 - No

Karriêre

Anni-Frid Lyngstad yn 2013

It iere begjin

Anni-Frid Lyngstad begûn as alve jierrige op te treden foar publyk. Doe't se 13 jier wie song se yn ferskate bandsjes. Hja moast lige oer har âldens, omdat se trije jier ûnder de tastiene âldensgrins siet.

Yn 1963 wie se de sjongeres fan it Gunnar Sandevarn Trio foardat se har eigen band oprjochte, de Anni-Frid Four. Dy groepen befetten beide har doetiidske man, Ragnar Fredriksson.

Op 3 septimber 1967 wûn Lyngstad de Sweedske nasjonale talintejacht New Faces, organisearre troch platemaatskippij EMI Svenska.De earste priis yn dy wedstriid wie in platekontrakt mei de Sweedske dochterûndernimming fan EMI. Fan de winer fan de wedstriid waard ferwachte dat dy deselde jûn ferskine soe yn Hylands Hörna, in populêre tv-show. Lyngstad song dêr har winnende nûmer live, op telefyzje op in jûn dat in soad Sweden thúsbleaune omdat der dy deis de Sweedske ferkearsregels feroaren, it dan ta gebrûklike lofts riden waard ferfongen troch it yn Jeropa gebrûklike rjochts riden. In pear dagen letter naam Lyngstad har earste single op yn de studios fan EMI.

Yn 1969 naam se diel oan de finales fan it Sweedske Eurofyzje Sjongfestival, de Sweedske foaromgongen foar it Eurofyzje Sjongfestival, mei it nûmer Härlig är vår jord, en einige op it fjirde plak. By dy wedstriid trof se sjonger en lietsjeskriuwer Benny Andersson, en al gau waarden se in keppel. Har earste album, Frida, produsearre troch har doetiidske ferloofde Benny Andersson, waard útbrocht yn 1971.

ABBA (1972–1982)

Frida toerde en trede geregeld op telefyzje en radio. Dêrnei late har relaasje mei Andersson en harren freonskip mei Björn Ulvaeus en Agnetha Fältskog ta de foarming fan ABBA.De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier boekte popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits.Mei ABBA brocht Anni-Frid Lyngstad njoggen studio-albums en twa live-album út.

Nei ABBA

Nei't ABBA yn 1982 útinoar gie pakte Lyngstad har solo Karriêre wer op en brocht noch trije studio-albums út. nei't se yn 1975 doe't ABBA noch bestie ek al har twadde studio-album Frida ensam útbrocht hie.

Priveelibben

Lyngstad waard berne yn Ballangen, Nordland, Noarwegen, út in relaasje fan de Noarske Synni Lyngstad en de (troude) Dútske soldaat Alfred Haase (1919 - 2009) yn it ramt fan it Lebensborn-programma. Har heit wie yn de Twadde Wrâldkriich as sersjant fan de Wehrmacht legere yn it troch de Nazy-Dútslân besette Noarwegen en waard oan de ein fan de oarloch weromroppen nei Dútslân. Underweis sonk it skip wêrmei't er nei Dútslân werom fear, wêrnei't er as fermist opjûn waard. Pas yn 1977 kaam Lyngstad der efter dat har heit de ramp oerlibbe hie.

Se ferhuze mei har mem Synni en beppe, Arntine Lyngstad (1898-1970), nei Torshälla yn Sweden, om oan de troch de Noarske regearing organisearre represjebelied tsjin kollaborearjende jonge memmen en de saneamde "Tyskerbarn" of "Krigsbarn" te ûntkommen. Anni-Frid har mem ferstoar lykwols koart dêrnei en Anni-Fri waard grutbrocht troch har beppe.

Anni-Frid Lyngstad hat trije kear boaske west en werûnder trije jier mei Benny Andersson. Yn 1992 boaske se mei de Dútske prins Heinrich Ruzzo Reuss von Plauen, troch dit houlik krige Lyngstad, offisjeel de titel fan prinses. Yn 1997 kaam har dochter om by in auto-ûngelok yn de Feriene Steaten en 1999 ferstoar har tredde man Heinrich von Plauen oan de gefolchen fan kanker. Anni-Frid Lyngstad hat út dy trije relaasjes twa bêrn.

Diskografy

Albums

AlbumUtbrocht opBandSingle(s)
Frida31 maart 1971Anni-Frid Lyngstad
Ring Ring26 maart 1973ABBAPeople Need Love,
He Is Your Brother,
Ring Ring,
Another Town, Another Train,
I Am Just a Girl,
Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough),
Rock'n Roll Band,
Nina, Pretty Ballerina
Waterloo4 maart 1974Waterloo,
Honey, Honey,
Hasta Mañana
ABBA21 april 1975So Long,
I've Been Waiting for You,
I Do, I Do, I Do, I Do, I Do,
Bang-A-Boomerang,
SOS,
Mamma Mia,
Rock Me
Frida ensam10 novimber 1975Anni-Frid LyngstadFernando
Arrival11 oktober 1976ABBADancing Queen,
Money, Money, Money,
Knowing Me, Knowing You,
That's Me
ABBA: The Album12 desimber 1977The Name of the Game,
Take a Chance on Me,
Eagle
Voulez-Vous23 april 1979Chiquitita,
Does Your Mother Know,
Voulez-Vous,
Angeleyes,
As Good as New,
I Have a Dream
Super Trouper3 novimber 1980The Winner Takes It All,
On and On and On,
Super Trouper,
Happy New Year,
Andante, Andante,
Lay All Your Love on Me
The Visitors30 novimber 1981One of Us,
When All Is Said and Done,
Head over Heels,
The Visitors
Something's Going On6 septimber 1982Anni-Frid LyngstadI Know There's Something Going On,
To Turn the Stone,
I See Red,
Tell Me It's Over,
Here We'll Stay
Shine11 septimber 1984Twist in the Dark,
Come to Me (I Am Woman),
Heart of the Country
Djupa andetag20 septimber 1996Även en blomma,
Ögonen,
Alla mina bästa år
Voyage5 novimber 2021ABBAI Still Have Faith in You,
Don't Shut Me Down,
Just a Notion,
Little Things,
No Doubt About It

As gastmuzikant

Single(s)AlbumUtbrocht ynMei sjonger
1865Lebe Deinen Traum2015Dan Daniell
🔥 Top keywords: