Apache OpenOffice

Apache OpenOffice
It logo fan Apache OpenOffice
In OpenOffice-paniel
Startsintrum yn OpenOffice

UntwikkelderApache Software Foundation
Meast resinte ferzje4.1.1/ 21 augustus 2014
Lêste bêtaferzje4.1.0 bêta 1/ 10 maart 2014
PlatfoarmAndroid (fork), Linux, OS X, Unix (ports), Windows
KategoryKantoarpakket
LisinsjeApache-lisinsje 2.0
Webstee(ned) www.openoffice.org

Apache OpenOffice is in iepenboarne kantoarpakket mei û.o. in tekstbewurker, rekkenblêd- en presintaasjeprogramma. De oarspronklike ferzje is fan 2012.

OpenOffice.org opfolger

'Apache OpenOffice' is formeel de opfolger (yn namme) fan it programma 'OpenOffice.org', nei de oername troch Apache. In oantal ûntwikkelders wie it net mei de nije koers iens, en is troch gien mei syn eigen ferzje, LibreOffice. Troch de ferskillende lisinsjes, mei LibreOffice de ferbetteringen oan de OpenOffice-boarnekoade oernimme, mar oarsom net. Dat sil yn de takomst yn it foardiel wurkje fan LibreOffice.

Fryske staveringshifker

In Fryske staveringshifker kin apart tafoege wurde. De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of in losse (ferâldere) ekstinsje yn OpenOffice sels. In losse ekstinsje fan LibreOffice, dy't wol by de tiid is, kin ek ynstallearre wurde.

Sjoch ek

Keppelings om utens

🔥 Top keywords: