Botnyske Golf

De Botnyske Golf (Sweedsk: Bottniska viken, Finsk: Pohjanlahti) is it meast noarlike diel fan de Eastsee. De see leit tusken de westkust fan Finlân en de eastkust fan Sweden. Yn it suden fan de golf lizze de autonome, ta Finlân hearrende Ålâneilannen yn de Ålânsee.

Botnyske Golf
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken it Skandinavysk
   Skiereilân
en Finlân
lân Ålâneilannen (autonoom)
Finlân
Sweden
koördinaten63° N, 20° E
ûnderdiel fanEastsee
sifers
maks. lingte725 km
maks. breedte240 km
oerflak117.000 km²
djiptegemiddelde60 m
djipste punt295 m
wetterfolume1.200 km³
Botnyske Golf winterdeis foar in part beferzen (2002).
Botnyske Golf winterdeis foar in part beferzen (2002).

De Golf is 725 km lang, 80-240 km breed en hat in trochsneed djipte fan 60 m. De maksimum djipte is 295 m. It oerflak berint 117.000 km². Nijsgjirrich oan de Botnyske Golf is ek dat it sâltgehalte nei it noarden ta hurd ôfnimt. Yn it suden hat de Golf gewoan it brakke wetter fan de Eastsee, mar yn it noarden is het sâltgehalte sa leech dat swietwetterfisk har dêr thús fielt. Dat ferskynsel is ek de reden dat de Golf fiif moanne yn it jier foar it grutste part beferzen is.

Stêden oan de Botnyske Golf

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel of in eardere ferzje derfan is (foar in part) oerset fan de Ingelsktalige Wikipedia

🔥 Top keywords: