Bubba Smith

Bubba Smith (wiere namme: Charles Aaron Smith; Orange (Teksas), 28 febrewaris 1945Los Angeles, 3 augustus 2011) wie in Amerikaansk sporter en akteur fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy waard yn syn heitelân yn syn studintejierren bekend as Amerikaansk fuotbalspiler, en spile letter as profesjoneel sportman foar ferskate foaroansteande Amerikaansk fuotbaltiims. Nei't er syn sportkarriêre beëinige hie, boude er in twadde libben op as akteur, wêrby't er benammen (en ek om utens) bekend waard yn 'e rol fan plysjeman Moses Hightower yn 'e earste seis Police Academy-films.

Bubba Smith
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCharles Aaron Smith
nasjonaliteit Amerikaansk
berne28 febrewaris 1945
berteplakOrange (Teksas)
stoarn3 augustus 2011
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf19782011
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Smith waard yn 1945 berne yn it plak Orange, yn 'e steat Teksas, as de soan fan Amerikaansk fuotbaltrener Willie Ray Smith sr. en dy syn frou Georgia Oreatha Curl. Hy groeide op yn 'e stêd Beaumont, net fier fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Op 'e middelbere skoalle, oan 'e Charlton-Pollard High School yn Beaumont, kaam er yn it Amerikaansk fuotbaltiim fan syn heit te spyljen. Smith ûntjoech him neitiid ta ien fan 'e bêste middelbere-skoalspilers fan Amerikaansk fuotbal dy't Teksas ea fuortbrocht hat.

Sportkarriêre

Doe't er slagge wie foar syn middelbere-skoaldiploma, liet Smith him ynskriuwe oan 'e Steatsuniversiteit fan Michigan, dêr't er as defensive end yn it Amerikaansk fuotbaltiim fan 'e Michigan State Spartans spile. Dêr toande Smith syn kapasiteiten en hied er û.m. in wichtige rol yn 'e saneamde 'Wedstryd fan 'e Iuw', yn 1966, tsjin it tiim fan 'e Universiteit fan Notre Dame, dy't einige yn in 10-10 gelykspul. Yn 1988 waard Smith ynhuldige as lid fan 'e College Football Hall of Fame.

Nei't er de universiteit ferlitten hie, spile Smith njoggen jier lang as profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler by ferskate tiims: fan 1967 oant 1971 by de Baltimore Colts; fan 1973 oant 1974 by de Oakland Raiders en fan 1975 oant 1976 by de Houston Oilers. By de Colts wied er lofter-defensive end, en spile er yn sawol 1969 as 1971 yn 'e Super Bowl, it Amerikaanske kampioenskip. De twadde kears wûn er mei de Colts dy wedstryd. Hoewol't er 2.01 m meat en goed 120 kg weage, stie Smith yn syn sportjierren bekend om syn grutte faasje en linigens, sadat it rivalisearjende tiim ornaris twa spilers ynsetten om him te dekken.

Aktearkarriêre

Doe't er syn sportkarriêre beëinige hie, sette Smith ein jierren santich útein mei aktearjen. Hy begûn mei lytse roltsjes yn B-films en op 'e tillefyzje, en wurke himsels stadichoan op nei gruttere rollen. Hoewol't er troch syn sportkarriêre yn 'e Feriene Steaten al bekend wie, briek er yn it bûtenlân pas troch as akteur, mei de rol fan plysjeman Moses Hightower yn 'e komeedzje Police Academy, út 1984. Dat waard sa'n trochslaand súkses dat der noch in grut tal ferfolgen makke waarden. Smith kearde werom yn 'e rol fan Hightower yn fiif dêrfan: Police Academy 2: Their First Assignment (1985), Police Academy 3: Back in Training (1986), Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987), Police Academy 5: Assignment: Miami Beach (1988) en Police Academy 6: City under Siege (1989). Allinich yn Police Academy: Mission to Moscow, út 1994, spile Smith net mei.

Behalven yn 'e Police Academy-rige wie Smith ek te sjen yn 'e tillefyzjefilm Fighting Back: The Rocky Bleier Story (1982). Yn 1983 spile er mei Burt Reynolds, Ned Beatty en Loni Anderson yn 'e film Stroker Ace. Fierders hied er byrollen yn films as Black Moon Rising (1986), The Wild Pair (1987), The Naked Truth (1993), The Silence of the Hams (1994), Full Clip (2006) en Blood River (2010). Yn Gremlins 2: The New Batch (1992) spile er himsels. Fierders wie Smith op 'e tillefyzje te sjen yn in fêste rol yn 'e searje Open All Night, dy't yn 1981 en 1982 mar ien seizoen rûn. Ein jierren tachtich spile er yn 'e aksjesearje Blue Thunder. Ek ferskynde er yn gastrollen yn searjes as Married... with Children, Tales of the Golden Monkey, Good Times, The Odd Couple, Taxi, Macgyver en Family Matters.

Ferstjerren

Smith waard op 3 augustus 2011 yn syn hûs yn Los Angeles dea oantroffen troch syn húshâldster. In lykskôging wiisde út dat er stoarn wie oan akute medisinale fergiftiging en in hertoandwaning. It middel dat him fataal wurden wie, hiet fentermine, en wurdt brûkt om fluch gewicht te ferliezen. Dat guod liket tefolle fan syn sike hert frege te hawwen; by de autopsy die bliken dat Smith syn hert mear as twaris sa grut wie as dat fan in sûne minske. Bubba Smith waard 66 jier âld.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1979A Pleasure Doing BusinessJoe Marsh
1981Escape from DS-3Mac
1983Stroker AceArnold
1984Police AcademyMoses Hightower
1985Police Academy 2: Their First AssignmentMoses Hightower
1986Black Moon RisingJohnson
1986Police Academy 3: Back in TrainingMoses Hightower
1987Police Academy 4: Citizens on PatrolMoses Hightower
1987The Wild PairBenny Avalon
1988Police Academy 5: Assignment Miami BeachMoses Hightower
1989Police Academy 6: City Under SiegeMoses Hightower
1990Gremlins 2: The New Batchhimsels
1992My Samuraidûmny George
1992The Naked Truthplysjeman
1993Fist of Honorresjersjeur Johnson
1994The Silence of the HamsOlaf
1995Drifting SchoolPeter Jackson
2000Down 'n Dirtyresjersjeur Jerry Cale
2000The Flunkyhimsels
2004The CoachHulk Refereekoarte film
2006Full ClipSleepy
2010Blood RiverHarold
2016DaZe: Vol. Too (sic) - NonSeNsehimsels
tillefyzje
1980Vega$Peter Bridgesgastrol; ôfl. A Deadly Victim
1982TaxiLucius Franklingastrol; 1 ôfl.
1984Blue ThunderLyman 'Bubba' Kelsey   fêste rol; 11 ôfl.
1991Married... with Children"Spare Tire" Dixongastrol; ôfl. s5e16 All Night Security Dude
1993Family MattersBonesgastrol; ôfl. s4e5 Money out the Window
1994Married... with Childrenhimselsgastrol; ôfl. s9e10 Dud Bowl
2008Breaking the Huddle: The Integration of College Football   himselstillefyzjefilm

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: