David Croft

David John Croft, berne as David John Andrew Sharland, (Sandbanks (Poole, Dorset), 7 septimber 1922 - Tavira (Portugal), 27 septimber 2011) wie in Britsk telefyzjeprodusint, telefyzjeregisseur, senarioskriuwer, komponist en akteur.

David Croft
David Croft, maaie 2011
David Croft, maaie 2011
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDavid John Andrew Sharland
nasjonaliteitflagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne7 septimber 1922
berteplakSandbanks, Poole (Dorset)
stoarn27 septimber 2011 (89 jier)
stjerplakTavira (Portegal)
wurkpaad
berop/amtSenarioskriuwer, (tf)produsint, regisseur, akteur
aktyf astelefyzjeprodusint
jierren aktyf1939–2011
reden
  bekendheid
Produsint komeedzjerigen
bekendste
  wurk(en)
U.o.: Hi-de-Hi! (1980), Dad's Army (1968), Are You Being Served? (1972).
prizenBritish Comedy Awards
2003 Lifetime Achievement Award
Writers' Guild of Great Britain
1969 Best Comedy Script Dad's Army
1970 Best Comedy Script Dad's Army
1971 Best Comedy Script Dad's Army
Desmond Davies award (1981)
offisjele webside
www.davidcroft.co.uk

Jonkheid

Croft waard berne yn in showbizhúshâlding: heit Reginald Sharland (1886-1944) wie in súksefol radio-akteur yn Hollywood en syn mem, Annie Croft (1896-1995), wie in ferneamd toanielaktrise. Doe't er sân jier wie trede er op yn in reklamefilmke yn de bioskoop. Dêrnei "begûn en einige syn aktearkarriêre yn de film" mei sy optreden (net op de tielrôle) as Perkins yn de film Goodbye, Mr. Chips (1939).

Wurkpaad

Croft skreau, produsearre en regissearre in protte bekende Britske comedy's en skreau letter ek lietsjes. Bygelyks it nûmer Hey Presto foar de film The Limping Man út 1953 is fan syn hân.

Yn 1955 rekke er as produsint belutsen by de yn Ingelân goed bekende show This Is Your Life, in show dy't oant 2003 rûn. Yn 1959 makke er syn rezjydebút mei de One O'Clock Show, dy't oant 1964 rinne soe. Yn 1961 debutearre er as skriuwer foar de 7 ôfleveringen duorjende show The Eggheads.

It meast bekend waard Croft troch syn shows Are You Being Served? (1972-1985), Dad's Army (1968-1977), It Ain't Half Hot Mum (1974-1981) en Hi-De-Hi! (1980-1988). Ek 'Allo 'Allo! (1982-1992) en You Rang, M'Lord? binne fan syn hân. Croft wurke op mei Jimmy Perry en Jeremy Lloyd.

Croft syn lêste wapenfeit wie de komeedzjesearje Oh, Doctor Beeching!, dêr't tusken 1995 en 1997 20 ôfleveringen fan makke waarden.

Persoanlik libben

David Croft wie fan 1952 ôf oan boaske mei Ann Callender; tegearre krigen se sân bern. Senarioskriuwster Penny Croft is in dochter fan him.

David Croft stoar 27 septimber 2011 yn 'e sliep yn syn hûs yn Portegal; hy waard 89 jier.

Produsint en skriuwer

Skreaun mei Jimmy Perry

  • 1968–1977 Dad's Army
  • 1974–1981 It Ain't Half Hot Mum
  • 1980–1988 Hi-de-Hi!
  • 1988–1993 You Rang, M'Lord?

Skreaun mei Jeremy Lloyd

  • 1972–1985 Are You Being Served?
  • 1977–1978 Come Back Mrs Noah
  • 1980 Oh Happy Band!
  • 1982–1992 'Allo 'Allo! (searjes 1–6)
  • 1992–1993 Grace and Favour
  • 1994 Which Way to the War
  • 2008 Here Comes the Queen

Skreaun mei Richard Spendlove MBE

  • 1995–1997 Oh, Doctor Beeching!

Keppelingen om utens

🔥 Top keywords: