Douglas A-20 Havoc

De DB-7/A-20 (NAFO-koadenamme: Box) wie in Amerikaansk fleantúch. It fleantúch mei twa motors waard ynset as bommesmiter, oanfalsjager en nachtjager. De DB-7 waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch in oantal alliearde naasjes brûkt. De bommesmiter wie by de RAF bekend as de Boston en de nachtjagerfariant waard Havoc neamd. It United States Army Air Corps (USAAC) joech de DB-7 it skaaimerk 'A -20' en de bynamme Havoc (Frysk: 'Ravaazje'). De útsûndering wie de Royal Australian Air Force, dy 't de namme Boston brûkte foar alle farianten. [1]

Douglas DB-7 Boston/A-20 Havoc
algemiene ynformaasje
rolMiddelswiere bommesmiter, nachtjager
lân f. oarspr.Feriene Steaten
makkerDouglas Aircraft Company
ûntwerperEd Heinemann
gebrûk
earste flecht23 jannewaris 1939
yn tsjinst10 jannewaris 1941
út tsjinst(USAF) 1949
tal makke7.478 (1939–1944)
brûkersSovjet loftmacht
Royal Air Force
Frânske loftmacht
grutste brûkerUnited States Army Air Forces
TrochûntwikkeligDouglas DC-5
In A-20 wurdt reemakke foar in flecht (op Langley Field)

Skiednis

In formaasje Boston bommesmiters stekt leechfleanend de Noardsee oer op wei nei de oanfal op it Philipsfabryk yn Eindhoven, 6 desimber 1942
In oantal A-20G of A-20H bommesmiters boppe Frankryk, 1944
It laden fan .50-kaliber munysje yn in Boston fan No. 22 Squadron RAAF op it eilân Noemfoor, Nederlânsk Nij-Guinea, augustus 1944

De ûntwikkeling fan it tastel waard mei útein set yn 1937 en it prototype makke syn earste flecht op 26 oktober 1938. Nettsjinsteande it feit dat it tastel foldie oan de spesifikaasjes foar in lichte twamotorige bommewerper, like it US Army Air Corps net ynteressearre yn de oankeap fan dit tastel.

De earste klant wie Frankryk yn febrewaris 1939 mei in bestelling fan 100 DB-7A masines; nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch waard de bestelling yn oktober 1939 oanfolle mei nochris 170 masines. België bestelde ek 16 masines fan dit type. By de Dútske oanfal yn it westen wiene der mar sa 'n 70 masines levere oan de Armée de l'air en waarden se ynset tsjin de Dútske troepen. Guon masines giene ferlern yn de striid. De rest flechte nei Grut-Brittannië of bedarre by de loftmacht fan Vichy-Frankryk.

It grutste part fan de Frânske oarder fan 270 fleantugen bleau yn de FS of gie - ynklusyf de Belgyske oarder - nei de Royal Air Force, dy 't driuwend ferlet hie fan in lichte bommesmiter/nachtjager. Dêr waarden de tastellen oantsjut as Boston Mk.I. Foar de oerjefte bestelde Frankryk noch in grutte produksjeoarder foar 480 tastellen fan de DB-73 ferzje, dy 't feitlik de DB-7 B fariant wie, sa 'n 15 sm langer en wat ferbettere, mei Frânske boardynstruminten. Dy fleantugen waarden nea oan Frankryk levere en waarden yn stee dêrfan nei konferzje levere oan de Royal Air Force. Grut-Brittannië bestelde letter nochris 300 DB-7B's, dy 't oantsjut waarden as Boston Mk.III.

3125 fleantugen waarden levere oan de USSR ûnder de Lend Lease Act, dêr 't 2908 fan har bestimming berikten en brûkt waarden troch de Sovjet Loftstriidkrêften en de Marine Loftfearttroepen, dêr 't guon omboud waarden ta torpedobommesmiters. [2] Op 16 july 1944 brochten A-20s fan it 51ste Rezjimint Myn- en Torpedofleantugen it Dútske loftôfwarskip Niobe [3] te sink yn de Finske Golf. [4] De Sovjet Yny hie mear A-20's as de Amerikaanske Army Air Forces, dy 't hast 2000 fleantugen ûntfong. De fleantugen waarden oan de Sovjet Uny levere fia de Alaska-Siberië rûte en fia de Perzyske Korridor. De Sovjetstriidkrêften wiene net tefreden mei de fjouwer .30 Browning masinegewearen fanwegen harren fjoerfaasje fan 600 kûgels de minút en ruilen se yn foar de 7,62 mm SchKAS dy't trije kear flugger fjurje koenen. Simmerdeis fan 1942 fleagen A-20's misjes tsjin Dútske loftôfwarkonfoaien. Se besochten de flak oant op 10 meter djipte oan te fallen. Der wiene swiere ferliezen. Healwei 1943 wie it opliedingsnivo fan de Sovjetpiloaten omheech gien en se wurdearren de A-20 B en A-20 C fanwegen harren krêftige motor en de faasje en manûvreaberens. Se koene skerpe bochten oant 65° meitsje en it trijpoatige lâningsgestel hie syn wearde bewiisd. De trainingseasken foar piloaten wiene leech. De motors blieken betrouber, útsein swakke punten by lege temperatueren. Dêrom betochten Sovjetyngenieurs ôfdekkingen om foar te kommen dat de propellernaven beferzen. Guon tastellen waarden útrist mei fêste kanonnen en mei sukses brûkt by grûnoanfallen. [5][6]

Nederlânske bestelling

Yn oktober 1941 bestelde it Nederlânske regear yn ballingskip 48 DB-7C's. De tastellen wiene bedoeld foar Nederlânsk-Ynje. De searjenûmers wiene DO-101/148. Mar in pear eksimplaren berikten Java foar de Japanske ferovering fan dat eilân. In grut part fan de oarder bedarre yn Australië, in oar part bedarre fia de Lend Lease Act yn de Sovjet Uny.

Produksje

Oantal A-20's makke foar de USAAF:[7]

MakkerFerzje19401941194219431944Totaal
Boeing, SeattleA-20 195185  380
Douglas, Long BeachA-20 197523 999
Douglas, Santa MonicaA-202978156251.9522.3176.006
Douglas, Santa MonicaP-70  60  60
Douglas, Santa MonicaF-3  3  3
Totaal 2971.0111.8481.9752.3177.448

Technyske gegevens DB-7B

  • Spanwiidte: 18,70 m
  • Fleugeloerflak: 43,1 m²
  • Lingte: 14,4 m
  • Hicht: 5,5 m
  • Oandriuwing: twa 14-silinder-dûbelstjermotors Pratt & Whitney R-1830 S3C3-G Twin Wasp fan sa'n 1100 hk
  • Heechste faasje: 490 km/o
  • Krúsfaasje: 297 km/o
  • Fleanberik: sa'n 2500 km (sûnder bommen)
  • Tsjinstplafond: 8000 m
  • Bewapening
    • oant 907 kg bommen
    • seis fêste 7,62-mm-masinegewearen yn de noas en twa beweechbere 12,7-mm-mg op de romp (ferzje foar grûnoanfallen)
    • fjouwer 7,62-mm-MG oan de sydkanten fan de glêzen noas, twa beweechbere 7,62-mm-mg op de romp (bommesmiterferzje)

Technyske gegevens A-20G

  • Spanwiidte: 18,69 m
  • Fleugeloerflak: 43,11 m²
  • Lingte: 14,63 m
  • Hichte: 5,36 m
  • Oandriuwing: twa dûbelstjermotors Wright R-2600-23 Double Cyclone fan 1622 hk
  • Heechste faasje: 546 km/o op 3780 m
  • Krúsfaasje: 410 km/o
  • Fleanberik: 1754 km mei normale bommelading
  • Tsjinstplafond: 7865 m
  • Bewapening
    • oant 1814 kg bommen
    • seis fêste 12,7-mm-mg's yn de noas, twa beweechbere 12,7-mm-mg op 'e rêch fan 'e romp en ien 12,7-mm-mg nei ûnderen rjochte

Keppelingen om utens

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

A-20 Boston


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: