Falster

Falster is in eilân yn Denemark. It eilân hat in oerflak fan 514 km². De measte ynwenners fan it eilân wenje yn Nykøbing Falster. Falster wurdt fan it eilân Lolland troch in smelle stripe wetter, de Guldborg Sund, skieden. De eilannen Lolland en Falster foarmje de fakto in ienheid.

Falster
geografy
lokaasjeEastsee
lânflagge fan Denemark Denemark
koördinaten54° 50' N 11° 57' E
algemien
haadstêdNykøbing Falster
ynwennertal42.068 (2023)
sifers
oerflak514 km²

Op Falster leit Gedser Odde, dat it súdlikse punt fan Denemark is.

It eilân is troch twa brêgen ferbûn mei it eilân Seelân, wêrop Kopenhagen leit. Ek wurdt it eilân ferbûn mei it westik lizzende eilân Lolland troch twa brêgen en in tunnel oer en ûnder de Guldborg Sund.

Falster heart bestjoerlik ta de gemeente Guldborgsund, wêrfan ek in diel op Lolland leit. De gemeente is in ûnderdiel fan de regio Seelân. Oant de bestjoerlike weryndieling fan 2007 bestie Falster noch út de fjouwer gemeenten Nykøbing Falster, Nørre Alslev, Stubbekøbing en Sydfalster, dy't foar de weryndieling by de doetiidske provinsje Storstrøm hearden.

Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Falster fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: