Fokaal

 Fryske diakretyske tekens
skerpteken é  ú 
breedtekenâê ôû 
tremaäëïöü 
klamtekenàèìòù
gearskriuwingÆæ    

In Fokaal is in lûd.

It Frysk hat de neikommende fokalen: A, E, I, Y, O, U. De fokalen yn it Frysk wurde oanfold mei diakretyske tekens.

De twa wichtichste ferskillen tusken konsonanten en fokalen:

  1. Fokalen kinne beklamme wurde en dêrtroch in wurdlid foarmje; konsonanten kinne dat net.
  2. By konsonanten wurdt de luchtstream troch de mûle op de iene of oare wize behindere en by fokalen net.

Skaaimerken

Fokaaltrijehoeke, de omsirkele fokalen binne net-rûn

De fokalen kinne yn trije ûnderskate skiften yndield wurde:

 hichte
heechiüu
midden-heechIö/əo
midden-leechɛ ɔ
leech a 
 foar/efter
foariIɛüö/ə
efteruoɔa 
 lipperûning
rûnüuöoɔ
net-rûniIɛəa











Lange fokalen
  • Nêst de [ə] stiet gjin lang lûd.
  • De [e:] is it lange wjergader fan de [I].
  • Alle oare fokalen wurde lang makke troch der in dûbele punt efter te setten. [ü:], [u:], [ö:], [o:], [ɔ:], [i:], [ɛ:], [ə:], [a:].

Sjoch ek

🔥 Top keywords: