Geale de Vries

Geale de Vries (Blesdike, 25 febrewaris 1921 - Drachten, 26 jannewaris 2011) wie in ûnderwizer en rûnreizgjend learaar Nederlânsk en Frysk dy't bekend waard troch syn hast trijehûndert 'taalpraatsjes'op de radio.

Geale de Vries
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGeale de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
berne25 febrewaris 1921
berteplakBlesdike
stoarn26 jannewaris 2011
stjerplakDrachten
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum asLearaar &,
Taaldeskundige
mediumRadio
wurksum byRadio Fryslân,
Omrop Smellingerlân
bekend fanTaalpraatsjes

Geale de Vries syn heit wie skoalhaad yn Stiens en Blesdike. Geale wurke oan de lânbouhúshâldskoalle yn Akkrum en de "Kweek" (Ryks Pedagogyske Akademy mei hafû-top) yn Drachten tusken 1956-1983. In samling (124) fan syn Taalpraatsjes ferskynde yn boekfoarm ûnder de titel As jim tútsje wolle, dan gau. De taalrubryk wie sneontemoarns op Radio Fryslân te hearren. De iene kear oer in ferske of in ferhaaltsje, in oare kear oer in bepaalde útdrukking of 'aparte wurden' dy't him foarlein waarden troch in harker. Doe't Omrop Fryslân de rubryk skraste makke er de oerstap nei de rubryk Wat is Oud fan Omrop Smellingerlân en noch letter skreau er stikjes foar de Smellingerlânske Pluskrant.[1]

Geale de Vries wie skriuwer fan de Underwiisrie en grut kenner fan gedichten. Tusken 1965 en 1979 wiene hy en syn frou Tsjerkje Hemrica de driuwende krêft efter de jierlikse foardrachtskriich FeRstival dy't se nei De Lawei brochten. Ta syn learlingen hearden minsken as Mindert Wijnstra, Ankie van der Meer, Elske Kampen en Douwe Kootstra. Yn syn rol fan regisseur fan it "Kweektoaniel" brocht hy stikken as Tsien jier letter fan Pieter Terpstra en De Nepert yn de oersetting fan Geart Jonkman foar it fuotljocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: