Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm

De Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Animated Feature Film) is in Amerikaanske priis op it mêd fan animaasjefilms, dy't sûnt 2007 elts jier ein jannewaris útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange animaasjefilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills.

Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foarbêste lange animaasjefilm
útrikt trochHFPA
frekwinsje1x yn 't jier
datumjannewaris
plakBeverly Hills (Kalifornje)
ynsteld2006
1e útrikking2007
offisjele webside
www.goldenglobes.com

Skiednis

By de Golden Globes koene animaasjefilms oarspronklik meitingje yn oare filmkategoryen, ornaris foar de Golden Globe foar Bêste Spylfilm – Musical of Komeedzje, dy't yn 1951 ynsteld waard. Dy priis waard trije kear troch in animaasjefilm wûn: yn 1991 (troch Beauty and the Beast), yn 1994 (troch The Lion King) en yn 1999 (troch Toy Story 2). Uteinlik besleat de Hollywood Foreign Press Association yn 2006 om in aparte priis foar animaasjefilms yn te stellen, yn neifolging fan 'e Oscars, dy't datselde yn 2001 dien hiene. De Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm waard foar it earst útrikt op 'e útrikkingsseremoanje fan jannewaris 2007.

Gadingmakkers

Yn 'e folksmûle wurdt de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm gauris de "Golden Globe foar Bêste Tekenfilm" neamd; dat is wat misliedend, om't net inkeld tekenfilms, mar bgl. ek lange animaasjefilms dy't makke binne mei stop-motiontechniken der om meitingje, wylst koarte tekenfilms krekt net meidogge. Oars as by de Oscars kinne by de Golden Globes Ingelsktalige films mar meitingje yn ien filmkategory; Ingelsktalige films dy't meidogge foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm kinne dus net ek noch meidwaan foar de Golden Globe foar Bêste Spylfilm – Musical of Komeedzje of foar de Golden Globe foar Bêste Spylfilm – Drama. Oars-talige films kinne lykwols meidwaan foar sawol de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film.

Winners

De Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "2006", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 2007.

jierlânwinnerregisseur
2006 CarsJohn Lasseter
2007 RatatouilleBrad Bird
2008 WALL-EAndrew Stanton
2009 UpPete Docter
2010 Toy Story 3Lee Unkrich
2011 The Adventures of TintinSteven Spielberg
2012 BraveMark Andrews en Brenda Chapman
2013 FrozenChris Buck en Jennifer Lee
2014 How to Train Your Dragon 2Dean DeBlois
2015 Inside OutPete Docter
2016 ZootopiaByron Howard en Rich Moore
2017 CocoLee Unkrich
2018 Spider-Man: Into the Spider-VerseBob Persichetti, Peter Ramsey en Rodney Rothman
2019 Missing LinkChris Butler
2020 SoulPete Doctor en Kemp Powers
2021 EncantoJared Bush en Byron Howard
2022
Guillermo del Toro's PinocchioGuillermo del Toro en Mark Gustafson

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

🔥 Top keywords: