Gordon Tootoosis

Gordon Tootoosis (Cut Knife (Saskatchewan), 25 oktober 1941Saskatoon (Saskatchewan), 5 july 2011) wie in Kanadeesk akteur en aktivist fan mingd Yndiaansk etnysk komôf. Hy wie ferneamd om syn krewearjen foar it behâld fan 'e kultuer en it fertellen fan 'e myten en leginden fan syn folk, en om syn wurk mei de Yndiaanske jongerein. As akteur waard er benammen bekend mei syn rol yn 'e Amerikaanske spylfilm Legends of the Fall.

Gordon Tootoosis
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGordon Tootoosis
nasjonaliteit Kanadeesk
berne25 oktober 1941
berteplakCut Knife (Saskatchewan)
stoarn5 july 2011
stjerplakSaskatoon (Saskatchewan)
etnisiteit Kry
Súdlik Stony
jierren aktyf19732011
offisjele webside
Gordon Tootoosis yn 'e IMDb

Libben en karriêre

Jonkheid

Tootoosis waard yn 1941 berne yn it Poundmaker Reservaat 114 yn Cut Knife, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. Hy wie fan mingd etnysk komôf, mei't er sawol bloed fan 'e Kry (Cree) as fan 'e Stony (Stoney) hie. Syn heit wie de Yndiaanske aktivist John Tootoosis, en ien fan syn foarâlden wie Giele Moddertekken, de broer fan it ferneamde opperhaad Bizonfâlemakker (Pîhtokahanapiwiyin of Poundmaker), dy't de Kry oanfierde ûnder de Noardwestlike Opstân fan 1885.

De jonge Tootoosis waard mei syn trettjin bruorren en susters grutbrocht neffens de tradysjes fan 'e Flakte-Kry oant er troch de Kanadeeske oerheid by syn âlden weihelle en yn in kostskoalle pleatst waard, sa't doedestiden it belied wie foar alle Yndiaanske bern. Op 'e roomske kostskoalle waard it Tootoosis ferbean om syn memmetaal, it Kry, te sprekken, en waard er ek op oare manearen min behannele. Hy hie it der noch minder as syn mei-learlingen, om't er der troch de skoallieding op oansjoen waard dat syn heit in aktivist wie dy't foar de minskerjochten fan 'e Yndianen yn Kanada opkaam.

Oplieding en ier wurk

Nei syn traumatyske skoaljierren, learde Tootoosis foar sosjaal wurker, wêrby't er him spesjalisearre yn bern en jeugdkriminelen. Troch syn belangstelling foar de eigen kulturele tradysjes fan syn folk, ûntjoech Tootoosis him ta in earsten dûnser fan 'e lânseigen dûnsen fan 'e Kry, en ek ta in tige goed lassosmiter yn rodeowedstriden. Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren gied er op toernee as lid fan 'e Plains InterTribal Dance Troupe, wêrmei't er net inkeld troch hiel Kanada reizge, mar ek Jeropa en Súd-Amearika besocht. Letter waard er ien fan 'e populêrste live-kommentators fan powwows yn Noard-Amearika.

Aktearkarriêre

Tootoosis syn karriêre as akteur begûn yn 1973, doe't er mei Donald Sutherland en Chief Dan George yn 'e film Alien Thunder spile (útbrocht yn 1974). Mids 1980-er jierren hied er ien seizoen lang in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje Red Serge, en yn 'e tillefyzjerige North of 60 spile er fan 1992 ôf 52 ôfleverings lang de rol fan Albert Golo. Gastrollen ferfolle Tootosis û.m. yn searjes as Dead Man's Gun, Due South en Smallville. Yn 1992 spile er mei Eric Schweig en Tantoo Cardinal yn 'e minysearje By Way of the Stars, en yn 1995 wie Russell Means ien fan syn tsjinspilers yn 'e Disney-filmproduksje Pocahontas. Ek spile er yn films as Black Robe (1991), Leaving Normal (1992), Crazy Horse (1996) en The Edge (1997).

De rol dêr't er de measte bekendheid mei wûn, wie foar Tootoosis dy yn 'e bekroande Amerikaanske spylfilm Legends of the Fall (1994), wêryn't er û.m. Brad Pitt, Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Tantoo Cardinal en Karina Lombard as tsjinspilers hie. Tootoosis fertolke dêryn de rol fan 'e Yndiaan One Stab, de ferteller fan it ferhaal. Yn 1998 hied er fierders de titelrol yn 'e minysearje Big Bear, as it opperhaad Big Bear, en it jiers dêrop spile er it opperhaad Powhatan yn 'e film Pocahontas: The Legend. Yn Grut-Brittanje krige er benammen bekendheid as Joe Saugus yn 'e searje Auf Wiedersehen, Pet, út 2002. Yn 1999 rjochte Tootoosis mei Tantoo Cardinal de Saskatchewan Native Theatre Company op, in Yndiaansk toanielselskip yn Saskatchewan, en yn dy hoedanichheid bea er oanmoediging, stipe en aktearlessen oan jonge Yndiaanske akteurs.

Tootoosis hie in lytse rol yn 'e Amerikaanske minysearje Into the West (2005), spile datselde jiers in famyljelid fan sjongster Shania Twain yn 'e biografyske film Shania: A Life in Eight Albums, en fertolke de rol fan it Lakota-opperhaad Reade Wolk yn Bury My Heart at Wounded Knee (2007). Njonken syn live-action-aktearjen wie Tootoosis ek aktyf as stimakteur. Sa liende er syn stim oan it personaazje Sheriff Gordy yn Open Season en Boog and Elliott's Midnight Bun Run (beide út 2006), en oan Mushom yn 'e tekenfilmsearje Wapos Bay: The Series (2005-2010). Foar dy lêste rol wûn er in Gemini Award. Yn 2011 stied er foar it earst yn fyftjin jier wer op it toaniel, yn it stik Gordon Winter, dêr't er mei optrede yn Saskatoon en Ottawa.

Oar wurk

Tootoosis syn heit John Tootoosis wie ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Bruorskip en de foarsitter fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes yn Saskatchewan (FSIN). Gordon Tootoosis sels tsjinne in termyn as keazen opperhaad fan syn bertestamme, de Poundmaker Kry Naasje, en wie fise-foarsitter fan 'e FSIN.

Priveelibben

Yn 1965 troude Tootoosis mei Irene Seseequasis, mei wa't er trije dochters krige, Glynis, Alanna en Disa, en trije soannen, Lee, Winston Bear en Clint. Dêropta namen hja ferskate Yndiaanske bern oan, sadat harren gesin ek de oannommen dochters Rebecca Brady, Bertrille Fox, Irene Oaks, Patrice Kautzman, Danielle Thunderchild, René Daoust-Thompson en Melanie Favel omfieme, en de oannommen soan Derek Thompson. Doe't harren dochter Glynis yn 1997 oan kanker kaam te ferstjerren, namen Tootoosis en de frou de soarch foar har fjouwer bern op harren. Dêrfoar setten se har nei wenjen yn 'e stêd Saskatoon.

Tootoosis waard op 29 oktober 2004 beneamd yn 'e Oarder fan Kanada, foar sawol syn bydragen oan film- en tillefyzjeproduksjes yn Kanada en de Feriene Steaten, as syn status as in ynspirearjend rolmodel foar de Yndiaanske jongerein. De oan dy keninklike ûnderskieding ferbûne wijingsseremoanje fûn plak op 9 septimber 2005.

Ferstjerren

Tootoosis beswiek op 5 july 2011 oan longûntstekking, dêr't er foar opnommen wie yn it St. Paul's Hospital yn syn wenplak Saskatoon. De begraffenisplechtichheid en de beïerdiging waarden holden yn Cut Knife, yn it Poundmaker Reservaat 114, dêr't Tootoosis ek berne wie.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1974Alien ThunderAlmighty Voice
1978Marie Annopperhaad Many Horses
1978The Mad Trapper?
1991Black RobeAlde Aenons
1992Leaving NormalHank Amaruk
1994Legends of the FallOne Stabek ferteller
1995PocahontasKekataas stimakteur
1995Pocahontas: The Legendopperhaad Powhatan
1996Lone StarWesley Birdsong
1996AlaskaBen
1996Coyote SummerMopeah
1997The EdgeJack Hawk
1997Song of HiawathaIagoo
1998Que la lumière soitYndiaanske godFrânsktalige film
1999Stories from the Seventh Fireferhalefertellerkoarte film
2000Reindeer Gamesâlde gûverneur
2000Bear with MeJohn Ours
2001Nobody's BabyDog Havasu
2001ZoeRed Shirt
2001The Doe BoyMarvin
2002Christmas at Wapos BayMushom
2002Black PointStanding Bear
2002Now & ForeverGhost Fox
2003On the CornerFloyd
2004Seven Times LuckyFive Wounds
2004The ReawakeningWesley Good Voice
2005Hank William's First NationAdelard Fox
2005Fugitives RunDan John
2006That Beautiful SomewhereHarold
2006Open SeasonGordyas stimakteur
2006Boog & Elliot's Midnight Bun RunGordyas stimakteur; koarte film
2006Mr. SoulClifford
2007Juliana and the Medicine FishJohn Smokekoarte film
2008Out in the ColdSoft as Snowkoarte film
2010The Closer You Get to CanadaMasonkoarte film
2011Wapos Bay: Long GoodbyesMushom
2011Guns, Girls and Gamblingopperhaad
tillefyzje
1980Matt and Jennyopperhaadweromkearende rol; 2 ôfl., A Woman's Place en Ceremony at Whispering Pines
1986Red SergeLakota-opperhaadgastrol; ôfl. The Sioux Came to Dinner
1986Red Sergeopperhaad Mighty Buffalogastrol; ôfl. School Ma'am
1986–1990The CampbellsIrokeesk opperhaadweromkearende rol; 3 ôfl.
1987Stone FoxStone Foxtillefyzjefilm
1987AirwolfCharlie Moon Risingweromkearende rol; 2 ôfl., Welcome to Paradise en Salvage
1988Danger BayBill Bragggastrol; ôfl. A Man's Sport
1988Higher GroundWillinghamtillefyzjefilm
1988MacGyverPerrygastrol; ôfl. Mask of the Wolf
1989Friday the 13th: The SeriesSpotted Owlgastrol; ôfl. The Shaman's Apprentice
1989Last Train Homeopperhaad Bizonfâlemakker   tillefyzjefilm
1990Bordertownopperhaad Wild Eaglegastrol, ôfl. Ancient Claims
1990The CampbellsMohâk-krigergastrol; ôfl. The Hunting Party
1991Blood RiverSmiling Knifetillefyzjefilm
1991MacGyverPhil Crowgastrol; ôfl. Trail of Tears
1991Palace GuardJoe Horse Killergastrol; pilotôflevering
1992Lost in the Barrens II: The Curse of the Viking Grave   Mewasintillefyzjefilm
1992Heritage Minutespakegastrol; ôfl. Peacemaker
1992Kefi's Garageboadskippertillefyzjefilm
1992Noarthwood?gastrol; ôfl. Suspicion
1992Call of the WildCharlietillefyzjefilm
1992–1993By Way of the StarsKry-opperhaad6-dielige minysearje
1992–1997North of 60Albert Goloweromkearende rol; 52 ôfl.
1993Northern ExposurePetegastrol; ôfl. Duets
1993Spirit RiderJoe Moontillefyzjefilm
1993MadisonFrankgastrol; ôfl. The Circle
1994HawkeyeRavenoakgastrol; ôfl. The Furlough
1994Lonesome DoveIndian Johnminysearje; yn 3 ôfl.
1995500 Nationsferskaatas stimakteur; minysearje; yn 3 ôfl.
1996The X-Filessjamaangastrol; ôfl. Teso dos Bichos
1996Crazy HorseAkicitatillefyzjefilm
1996My Mother's Ghost?tillefyzjefilm
1997Keeping the PromiseSaknisstillefyzjefilm
1998The Magnificent Sevenopperhaad Ko-Jegastrol; ôfl. Manhunt
1998Witness to YesterdayDzjengis Khangastrol; ôfl. Genghis Khan
1998Due SouthTom Quinngastrol; ôfl. Easy Money
1998Dead Man's GunCharlie Three Clawsgastrol; ôfl. The Trapper
1998Big Bearopperhaad Big Bearminysearje
1999Lakota MoonRolling Thundertillefyzjefilm
2000Incredible Story Studiohimselsgast yn in tillefyzjeprogramma; ôfl. Historical Hijinks
2001Canada: A People's HistorySaukamapeedokumintêresearje; ôfl. The Pathfinders
2001MythQuestRed Wolfgastrol; ôfl. Red Wolf's Daughter
2001Dream StormAlbert Golotillefyzjefilm
2002Auf Wiedersehen, PetJoe Saugusweromkearende rol; 6 ôfl.
2002–2004Smallvilleprof. Joseph Willowbrookweromkearende rol; 2 ôfl., Skinwalker en Talisman
2003DreamKeeperKills Enemytillefyzjefilm
2003Cowboys and Indians: The J.J. Harper StoryJames Harpertillefyzjefilm
2003–2006Moccasin FlatsJoe Redskyweromkearende rol; 22 ôfl.
2004Seven Journeys in the American WestSwarte Wapitytillefyzjefilm
2005Into the WestGrowling Bearminysearje; ôfl. Wheel to the Stars
2005Shania: A Life in Eight AlbumsGreey Twaintillefyzjefilm
2005Shoebox ZooNathanielweromkearende rol; 13 ôfl.
2005–2010Wapos BayMushomweromkearende rol; 33 ôfl.
2006One Dead IndianClifford Georgetillefyzjefilm
2006–2007Hank William's First NationAdelard Foxweromkearende rol; 7 ôfl.
2007Bury My Heart at Wounded Kneeopperhaad Reade Wolktillefyzjefilm
2007Hybridpaketillefyzjefilm
2008The Bordersheriffgastrol; ôfl. Gray Zone
2008Fear ItselfEddie Beargastrol; ôfl. Skin and Bones
2009–2011BlackstoneCecil Delarondeweromkearende rol; 9 ôfl.
2011Doomsday ProphecyJohntillefyzjefilm

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

🔥 Top keywords: