Hexed (ferhalebondel)

Hexed is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel. De titel betsjut "Betsjoend" mei as bybetsjutting dat alles as gefolch dêrfan misrint (hex is in Ingelsk wurd foar in betsjoening dy't dingen fernielt of yn 'e war bringt). It boek omfettet fjouwer novelles, dy't, neffens de tekst op 'e omslach, oer "magy en gaos" geane. Se binne spesjaal foar dizze bondel skreaun troch Ilona Andrews, Yasmine Galenorn, Allyson James en Jeanne C. Stein. Hexed waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Berkley Books.

Hexed
algemiene gegevens
auteurferskaat
taalIngelsk
foarmferhalebondel
sjenrefantasy
1e publikaasje2011, New York
oarspr. útjwr.Berkley Books
kodearring
ISBN978-0 42 52 41 769

Novelles

  1. Ilona Andrews, Magic Dreams
  2. Yasmine Galenorn, Ice Shards
  3. Allyson James, Double Hexed
  4. Jeanne C. Stein, Blood Debt

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andrews, Ilona; Galenorn, Yasmine; James, Allyson; en Stein, Jeanne C., Hexed, New York, 2011 (Berkley Books), ISBN 978-0 42 52 41 769.
🔥 Top keywords: