Ierdoerflak

It ierdoerflak is it grinsflak tusken de fêste ierdkoarste, mank mei it dêroplizzende wetter, en de atmosfear. It ieroerflak beslacht likernôch 510 miljoen km² en kin op ferskate manieren yn healrûnen as hemisfearen ynparte wurde. It ierdoerflak bestiet út likernôch 365,5 miljoen km² (71%) út wetter en 144,5 miljoen km² (29%) lân.

Draaiende ierde mei it ierdoerflak (kompjûteranimaasje)

Bestudearring

Geologyske yndieling fan de ierde

It bestudearjen fan de ynrjochting fan it ierdoerflak hjit geografy of ierdrykskunde. De ynrjochting fan it ierdoerflak troch de minske hjit sosjale geografy, wylst dy fan de natoer fysike geografy hjit.

It bestudearjen fan it ûntstean fan it lânskip en de lânfoarm hjit geoformology. De foarm fan it oerflak hinget gear mei prosessen lykas eroazje en sedimintaasje. Natoerlike prosessen dy't de lânfoarm bepale binne de see (maryn proses), rivieren (fluviatyl proses), lâniis (glasiaal proses) en de wyn (eolysk proses). Tektonyske prosessen litte de ierdkoarste sakje of omheech bewege.

It opmjitten fan it ierdoerflak hjit geodezy, dy't besiket de foarm fan it ierdoerflak sa krekt mooglik te beskriuwen, mei it oerflak fan de seeboaiem ynbegrepen.

It bestudearjen fan de boppeste laach ûnder it oerflak hjit boaiemkunde. Oan it oerflak wurket de atmosfear op hurde stienten yn itjinge foar it ferwaarjen en eroazje soarget. It ferwaarjen makket it stiente lytser, dêr't de boppeste laach gauris út los materiaal troch komt te bestean, dat regiolyt neamd wurdt. Dêr kinne planten harren woartels yn waakse litte en ferskate organismen yn libje. In regiolyt dêr't biologyske warberens yn ûntstiet wurdt in boaiem neamd.Ofhinklik fan it ferwaarjen en de gemyske gearstalling fan it oarspronklike stiente binne der ûnderskate boaiemsoarten.

Yndieling

Yndieling neffens kontininten
Fysike ierde

Yndieling neffens hemisfearen

Neffens de geodezy wurdt it oerflak ferparte yn in súdlik en in noardlik healrûn, dochs ôfhinklik fan de geografyske breedte (metten fan it nulmeridiaan ôf) kin der ek in westlik en eastlik healrûn ûnderskaat wurde. Dy healrûnen binne tagelyk ek kulturele en ekonomysk-politike yndielings. Yn de Kâlde Kriich foel it súdlik healrûn suver mank mei de Tredde Wrâld, wylst kommunistyske lannen fan Jeropa en Aazje benammen yn it eastlik healrûn leine. Dy begripen rekken lykwols nei it feroarjen fan de politike sitewaasjes net mear yn gebrûk.

Neffens de geomorfology wurdt it oerflak ek wol ferparte yn in wetterhealrûn en in lânhealrûn. It earste befettet de Grutte Oseaan en oanswettende kontininten, en it twadde befettet de Atlantyske Oseaan en Jeraazje.

Yn de ferdraggen fan Tordesillas (1494) en Zaragoza (1529) waard it ierdoerflak yn kolonialistyske ynfloedsfearen ûnder Spanje en Portegal ferparte.

Fierder is der noch in yndieling yn in Alde Wrâld (Jeraazje en Afrika) en in Nije Wrâld (Noard- en Súd-Amearika).

Yndieling neffens lân en wetter

Geomorfologysk kin it ierdoerflak ferparte wurde yn fêstelân (kontininten), oseänen en seeën, marren en eilannen. Op lân is it ierdoerflak it grinsflak tusken fêst materiaal en lucht, dochs op wetter binne der twa grinsflakken te ûnderskieden: it wetteroerflak (it seenivo) en it oerflak fan de fêste seeboaiem (batmetry). Dochs op it fêstelân kinne der lykwols meardere oerflakken meiteld wurde: de boppekant fan de fegetaasje, de boppekant fan de bebouwing (topografy) en de boppekant fan de boaiem (orografy). Geaen mei lâniis kinne ta it oerflak of ta de boaiem rekkene wurde.

Yn de platetektonyk wurdt it ierdoerflak ferparte yn tektonyske platen, dy't tige stadichoan tsjin inoar oan bewege.

Gegevens

Totaaloerflak

Totale ierdoerflak510.000.000 km²100 %
Wetteroerflak360.570.000 km²70,7 %
Lânoerflak149.430.000 km²29,3 %

Lânoerflak

KontinintLânoerflakOandiel
Aazje (sûnder poaleilannen)44,4 miljoen km²31 %
Amearika (sûnder poalgebieten)38,3 miljoen km²27 %
Afrika29,3 miljoen km²20 %
Antarktika13,2 miljoen km²9 %
Jeropa (sûnder Yslân, Nova Sembla, Spitsbergen en Atlantyske eilannen)9,9 miljoen km²7 %
Austraalje (mei Tasmaanje)7,7 miljoen km²5 %
gesamt148,9 Mio. km²100 %

Wetteroerflak

Oseaan%trochsneed djipte
Grutte Oseaan47 %3870 m
Atlantyske Oseaan24 %3380 m
Yndyske Oseaan20 %3600 m
Súdlike Oseaan5 %
Arktyske Oseaan4 %

Hichten (Hypsometry)

Hichten op ierde

De trochsneed hichte fan it lânoerflak boppe seenivo is likernôch 700 meter (Jeropa 300 m, Aazje 880 m, Amearika 610 m, Afrika 660 m, Austraalje en Oseaanje 300 m). It heechste punt boppe seenivo is Mount Everest (8844 m), en it djipste punt is it oerflak fan de Deade See (-410 m)

De seeboaiem leit likernôch in trochseed 3500 meter ûnder seenivo. Der wurdt ûnderskaat makke tusken net djippe seeën (oant in pear hûndert meter djip) en djippe seeën mei in trochsneed djipte fan in pear kilometer. In útsûndering binne de trôgen dy't wol 10 km djip wêze kinne. It djipste punt ûnder seenivo is de Marianetroch.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hemisfearen fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: