Jelle Hendriks Brouwer

(Trochferwiisd fan J.H. Brouwer)

Jelle Hendriks Brouwer (Beetstersweach, 23 augustus 1900 - Ljouwert, 22 jannewaris 1981) wie in Fryske dichter, frisiast en heechlearaar.

Jelle Hendriks Brouwer
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJelle Hendriks Brouwer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne23 augustus 1900
berteplakBeetstersweach
stoarn22 jannewaris 1981
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenregedichten

Brouwer promovearre yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit fan Grins yn 1941. Nei 1941 waard er heechlearaar Frysk en Goatysk oan dyselde universiteit. Sûnt 1956 wie er bysûnder heechlearaar fanwege de fryske Underwiisrie oan de Universiteit fan Amsterdam en wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy(oant 1962). Hy wie ien fan de earsten, faaks de earste, dy't beropshalven de stúdzje Frysk beoefenje koe. Publisearre earst literêr wurk (-1934), besoarge dêrnei de útjefte fan on soad Ald- en Midfryske teksten, ûnder oare fan Gysbert Japicx. Makke ek oersettings, mei syn frou, út it Sweedsk. Syn Fryske bibleteek waard ferkocht oan prof. dr. G. Droege yn de Feriene Steaten (1971). Al yn it midden fan de 20e iuw wie er dwaande mei de tariedings foar in Midfrysk wurdboek.

Wurk

  • Idylle (1929)
  • Knop de roppene ((1954)
  • Hedendaagse aspecten van de friese literatuur (1954)
  • De Friese brief (1957)
  • Encyclopedie van Friesland (haadredaksje, 1958)
  • Drama's yn duo-decimo. Kriich en kreauwerij yn Fryslân (1959)
  • Oantinken oan Jacob Haantjes (1899-1956, meast út syn briefwiksel, 1960)
  • It Alderhillichst gebet yn Fryske lûden. ( mei ynlieding en oantekening, (1960)
  • Dúnsân (fersen, 1962)
  • Kastanjes (fers, 1963, 1977)
  • Fryske foarnammen en skaeinammen (1963)
  • It Fryske sprekwurd (1964)
  • J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma, Gysbert Japicx wurken (letter ek oantekenings, 1966)
  • Erling Stensgärd, freon ta Fryslân 1876-1966 (1968)
  • Dalarna of dalecarlië bisjoen mei Fryske eagen (tegearre mei A.I. Brouwer-Prakke, 1970)
  • Frjemd en dochs eigen (oersettings út fjouwer Skandinavyske talen, 1961)
  • Jiskepûster en de dea (oersetting fan Anne M. Falk, 1963)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: