J. Mac

J. Mac (útspr.: ['ʤe:mɛk], likernôch: "dzjeemek"), echte namme: John Lawrence McGill (yn Floarida, 12 maart 1985), is in Amerikaansk pornografysk akteur fan etnysk Iersk komôf. Syn skûlnamme wurdt ek wol stavere wurdt as J Mac, J-Mac of JMac. Hy sette yn 2006 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2008 waard er nominearre foar in AVN Award.

J. Mac
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
J Mac, J-Mac, JMac
echte nammeJohn Lawrence McGill
nasjonaliteit Amerikaansk
berne12 maart 1985
berteplakûnbekend (Floarida)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
wurksum aspornoakteur
jierren aktyf2006 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

J. Mac waard yn 1985 earne yn 'e Amerikaanske steat Floarida berne. Yn 2006, doe't er 21 jier wie, sette er útein mei in karriêre as pornografysk akteur. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hied er begjin 2017 yn mear 580 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, The Score Group, Vivid Entertainment, ClubJenna, Digital Playground, Red Light District en Digital Sin. Fierders hat er ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, wylst er mear noch yn 't spier west hat foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Yn 2008 waard er nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste manlike nijynkommeling.

Under syn karriêre hat J. Mac gearwurke mei aktrises as Nadia Ali, Bella Bellz, Bethany Benz, Maya Bijou, Vienna Black, Amy Brooke, Abbey Brooks, Charisma Cappelli, Kayla Carrera, Angelina Castro, Adriana Chechik, Miko Dai, Claire Dames, Candice Dare, Dana DeArmond, Danielle Derek, Lacey Duvalle, Shay Evans, Jada Fire, Diamond Foxxx, Keisha Grey, Aaliyah Hadid, Diamond Jackson, Jade Jantzen, Sara Jay, Dani Jensen, Jenaveve Jolie, Victoria June, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Mia Khalifa, Diamond Kitty, Remy LaCroix, Rebeca Linares, Lexxxi Lockhart, Tanner Mayes, Jynx Maze, Gianna Michaels, Maxi Mikita, Mariah Milano, Moriah Mills, Kelsi Monroe, Mandy Muse, Skyla Novea, Olivia O'Lovely, Brittany O'Neil, Priya Price, Jaylene Rio, Veronica Rodriguez, Imani Rose, Daphne Rosen, Dylan Ryder, Vanessa Sky, Vina Sky, Dakota Skye, Saya Song, Lela Star, Rachel Starr, Jada Stevens, Shae Summers, Jamie Valentine, Juelz Ventura, Jezabel Vessir, Brittney White, Ricki White en Harmony Wonder.

Prizen en nominaasjes

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2008AVN Awardnominearrebêste manlike nijynkommelingn.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: