Jaroslavl

Jaroslavl (Russysk: Ярославль) is in stêd yn midden Jeropeesk Ruslân oan de rivier de Wolga, op sa'n 250 kilometer noardeastlik fan Moskou. It plak is it bestjoerlik sintrum fan de oblast Jaroslavl. It histoarysk sintrum fan de stêd, by it byinoar kommen fan de Wolga en de Kotorosl, stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd is part fan de Gouden Ring fan Ruslân, in groep fan toeristyske, histoaryske stêden om Moskou hinn en is ien fan de âldste stêden fan it lân.

Jaroslavl
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
OblastJaroslavl
Federaal distriktSintraal
Sifers
Ynwennertal599.169 (2013)
Oerflak205,37 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens2913 / km²
Hichte100 m
Oar
Stifting1010
1073 (stêd)
TiidsôneUTC+3
Websideside stêd Jaroslavl
Plak fan oblast Jaroslavl yn Ruslân

De hjoeddeiske stêd leit op 7 kilometer benoardeasten de eardere Wytsingedelsetting Timerjovo út de 8e of 9e iuw. Foar de komst van de Slaven wennen op it plak fan Jaroslavl sprekkers fan Finûgryske talen.

De stêd hat in binnenhaven (oan de Wolga), is in ferkearsknooppunt (spoar, wegen, skipfeart) en wichtich yndustrieel sintrum, mei ûnder oaren ierdoaljeraffinaazje, de bou fan motors, masines en hys- en takelapparatuer; rubber-, tekstyl-, hout-, grafyske en fiedingsmiddelenyndustry. De universiteit bestiet sûnt 1970; der binne ferkate hegeskoallen en wittenskiplike ûndersyksynstituten. Fierders hat de stêd musea foar arsjitektuer, byldzjende keunsten en skiednis; planetarium. It Volkovteäter, yn 1750 stichte troch Volkov en Poljoesjkin, is it âldste teäter fan Ruslân.

Ynwennertal

JierYnwennertal
181123.800
184034.900
185626.900
186327.700
189771.616
1914111.200
192391.000
1926*112.200
1931155.500
1939299.359
JierYnwennertal
1956374.000
1959*407.071
1962443.000
1967498.000
1970*517.314
1973549.000
1976576.000
1979596.951
1982614.000
1986630.000
JierYnwennertal
1989*632.991
1992636.900
1996627.500
1998623.300
2002*613.088
2005605.200
2007604.000
2008605.200
2010*591.486

Bouwurken

Yn Jaroslave steane in Untsliepeniskatedraal en in Aartsingel Michaeltsjerke, neffens de oerlevering beide út 1215.

Partnerstêden

In kar

🔥 Top keywords: