Kattegat

It Kattegat (Sweedsk: Kattegatt, Deensk: Kattegat) is de brede seestrjitte tusken Denemark en Sweden. It wetter hat in oerflakte fan 22.000 km².

Kattegat
geografy
type wettersee-ingte
lokaasjetusken noardeastlik Jutlân en
   súdwestlik Sweden
lân  Denemark
Sweden
koördinaten56°30′ N, 11°30′ E
ûnderdiel fanNoardsee
sifers
maks. lingte182 km
maks. breedte136 km
oerflak30.000 km²
djiptegemiddelde26 m
djipste punt109 m

Ferbining tusken Noardsee en Eastsee

It Kattegat is it middelste part fan de ferbining tusken de Noardsee en de Eastsee. Dy ferbining rint troch it Skagerrak, it Kattegat en dêrnei de trije ferbinings om de Deenske eilannen hinne: de Sont, de Grutte Belt en de Lytse Belt.

Namme

De namme Kattegat komt fan Nederlânske seelju en betsjut kattelûkje of neare trochgong. Deselde namme wurdt ek yn de measte oare talen brûkt, by guon talen wat oars stavere om de útspraak.

🔥 Top keywords: