Latino's yn Noard-Amearika

Latino's foarmje in etnyske en linguïstyske minderheid yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Yn 'e regel wurde ûnder dizze oantsjutting alle lju beflapt dy't Spaansktalich (of fan oarsprong Spaansktalich) binne en dy't út Midden- of Súd-Amearika komme (of wa har foarâlden oft dêrwei komme). In útsûndering foarmje dejingen dy't sels of wa har foarâlden oft út Brazylje komme, dat Portegeesktalich is; dy wurde soms wol en soms net ta de Latino's rekkene. Yn it Amerikaansk-Ingelsk is de term Latino frijwol synonym mei de likefolle brûkte oantsjutting Hispanic, mei it ferskil dat ta Hispanics ek lju út Spanje (of wa har foarâlden oft dêrwei komme) rekkene wurde. Foar dit artikel sil de breedste betsjutting fan "Latino's" oanholden wurde, dus ynkl. Brazyljanen en Spanjerts, of it moat wêze dat dat oars oanjûn wurdt.

Latino's

Taskôgers by in Kubaanske optocht yn Union City yn Nij-Jersey.
flagge

Latino's yn 'e súdwestlike F.S.

Latino's yn Kanada
populaasje
oantal53.831.000 (2011/12)
taalSpaansk, Portegeesk
(ek Ingelsk, Frânsk)
godstsjinstkristendom, ateïsme,
agnostisisme
erkenning
steatsdragend folkgjin eigen steat
erkende minderheidgjin spesifike erkenning
fersprieding
Feriene Steaten:52.961.000
Kanada:     870.000

Ras, taal, leauwe

Latino's binne in tige ferskate groep, dy't lju fan teminsten trije rassen omfettet: blanken, swarten en Yndianen. Hoewol't de grutte mearderheid Spaansktalich (of Portegeesktalich) wêze sil, hawwe party dy't al generaasjeslang yn Noard-Amearika wenje, harren eigen taal ferlern, en binne oergien op it Ingelsk (of yn guon parten fan Kanada op it Frânsk). Latino's binne foar it meastepart leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, mar harren kristlike leauwe hat gauris synkretistyske eleminten ôfkomstich út 'e prekristlike natoerreligyen fan 'e lânseigen Yndiaanske folken. Fierders is der in lytse, mar groeiende protestantske minderheid fan benammen pinksterkristenen en Jehova's tsjûgen. Ek binne der almar mear dy't sekularisearje ta agnosten of ateïsten.

Demografy

Algemien

Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo wiene der yn 2012 52.961.017 Latino's yn 'e Feriene Steaten (16,9% fan 'e totale befolking), wylst út 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 bliken die dat der yn Kanada 870.130 Latino's wiene (oftewol 2,2% fan 'e befolking). Dat bringt it totale oantal Latino's yn Noard-Amearika op goed 53,8 miljoen minsken.

Persintaazje dat Latino's fan 'e totale Amerikaanske befolking útmeitsje per county.

Demografy yn 'e Feriene Steaten

Hoewol't Latino's yn 'e regel as ien etno-linguïstyske groep oantsjut wurde, hâlde se sels faak fêst oan 'e âlde nasjonale identiteit fan harren lân fan komôf. Yn 'e Feriene Steaten foarmen yn 2010 binnen de Latino-mienskip de Meksikanen (ek wol Chicanos neamd) fierwei de grutste groep, mei 31.798.000 minsken (62,5% fan alle Amerikaanske Latino's), folge troch de Portorikanen, mei 4.624.000 minsken (9,1%) en dan de Kubanen, mei 1.786.000 minsken (3,5%). Sokke groepen hawwe yn 'e Feriene Steaten ek gauris harren eigen delsettingsgebiet. Sa binne de Portorikanen fral sterk fertsjintwurdige yn 'e grutte stêden oan 'e hegere eastkust (New York, Philadelphia, Baltimore, Washington, D.C., ensfh.), wylst de Kubanen benammentlik konsintrearre binne yn súdlik Floarida. Hoewol't de Meksikanen oer it hiele lân ferspraat binne, is harren oantal dochs dúdlik grutter yn 'e Amerikaanske steaten dy't oan Meksiko grinzgje: Kalifornje, Arizona, Nij-Meksiko en Teksas.

Dan binne der noch de Latino's wa har foarâlden oft al yn it Súdwesten wennen ear't dat tusken 1845 en 1850 by de Feriene Steaten kaam te hearren, en by wa't men dus net sprekke kin fan ymmigranten. Sokke lju wurde nei regio opdield yn saneamde Californios yn Kalifornje (300.000 oant 500.000); Nuevomexicanos yn Nij-Meksiko en Kolorado (mear as 340.000); en Tejanos yn Teksas (6.670.000 of 32% fan 'e Teksaanske befolking). In oare lytse groep fan foàr de Amerikaanske kolonisaasje fan Teksas en Louisiana dy't syn eigen identiteit beholden hat, binne de Isleños ("Eilanners"), Spaansktalige bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, dy't yn Teksas bgl. yn 1691 ferantwurdlik wiene foar de stifting fan 'e stêd San Antonio.

Latino-populaasje yn 'e Feriene Steaten neffens lân fan komôf
(op grûn fan selsidentifikaasje by de folkstelling fan 2010)
Latino-groepPopulaasje% fan 'e Latino-pop.
Meksikanen31.798.25862,5%
Portorikanen4.623.7169,1%
Kubanen1.785.5473,5%
Salvadoranen1.648.9683,2%
Dominikanen1.414.7032,8%
Gûatemalteken1.044.2092,1%
Kolombianen908.7341,8%
Spanjerts635.2531,2%
Hondoerezen633.4011,2%
Ekwadoranen564.6311,1%
Perûvianen531.3581,0%
Brazyljanen*371.5290,7%
Latino-groepPopulaasje% fan 'e Latino-pop.
Nikaragûanen348.2020,7%
Argentinen224.9520,4%
Fenezolanen215.0230,4%
Panamezen165.4560,3%
Silenen126.8100,3%
Kostarikanen126.4180,3%
Bolivianen99.2100,2%
Urûguayanen56.8840,1%
Paraguayanen20.023<0,1%
alle oaren3.505.8386,9%
totaal50.849.123100%
*) Dit sifer is út 2012.
Latino-populaasje yn 'e Feriene Steaten per steat
(op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010)
Amerikaanske steatLatino-populaasje% fan 'e steatsbefolking
Kalifornje14.013.71937,6%
Teksas9.460.92137,6%
Floarida4.223.80622,5%
Porto Riko3.688.45599,0%
New York3.416.92217,6%
Illinois2.027.57815,8%
Arizona1.895.14929,6%
Nij-Jersey1.555.14417,7%
Kolorado1.038.68720,7%
Nij-Meksiko953.40346,3%
Georgia853.6898,8%
Noard-Karolina800.1208,4%
Washington755.79011,2%
Pennsylvania719.6605,7%
Nevada716.50126,5%
Firginia631.8257,9%
Massachusetts627.6549,6%
Konettikut479.08713,4%
Marylân470.6328,2%
Oregon450.06211,7%
Michigan436.3584,4%
Indiana389.7076,0%
Utah358.34013,0%
Ohio354.6743,1%
Wiskonsin336.0565,9%
Oklahoma332.0078,9%
Kansas300.04210,5%
Amerikaanske steatLatino-populaasje% fan 'e steatsbefolking
Tennessee290.0594,6%
Minnesota250.2584,7%
Súd-Karolina235.6825,1%
Missoury212.4703,5%
Louisiana192.5604,2%
Arkansas186.0506,4%
Alabama185.6023,9%
Idaho175.90111,2%
Nebraska167.4059,2%
Iowa151.5445,0%
Kentucky132.8363,1%
Rhode Island130.65512,4%
Hawaï120.8428,9%
Mississippy81.4812,7%
Delaware73.2218,2%
Distrikt Kolumbia54.7499,1%
Wyoming50.2318,9%
Alaska39.2505,5%
Nij-Hampshire36.7042,8%
Montana28.5652,9%
West-Firginia22.2681,2%
Súd-Dakota22.1192,7%
Amerikaanske Famme-eilannen18.50417,4%
Maine16.9351,3%
Noard-Dakota13.4672,0%
Fermont9.2081,5%

Demografy yn Kanada

Yn Kanada, dêr't de Latino's oer it algemien konsintrearre binne yn 'e grutte stêden fan it suden, lykas Toronto, Montreal, Ottawa en Vancouver, binne de Spanjerts mei 326.000 minsken (37,4%) fierwei de grutste groep, folge troch de Meksikanen, mei 70.000 minsken (8%) en de Kolombianen (7%) mei 61.000 minsken.

Latino-populaasje yn Kanada neffens lân fan komôf
(op grûn fan selsidentifikaasje by de folkstelling fan 2011)
Latino-groepPopulaasje% fan 'e Latino-pop.
Spanjerts325.75037,4%
Meksikanen69.6958,0%
Kolombianen60.5557,0%
Salvadoranen43.6555,0%
Perûvianen26.7153,1%
Silenen25.1952,9%
Brazyljanen22.9202,6%
Argentinen18.8702,2%
Fenezolanen16.0051,8%
Gûatemalteken15.2851,8%
Ekwadoranen13.6351,6%
Kubanen13.3401,5%
Latino-groepPopulaasje% fan 'e Latino-pop.
Nikaragûanen8.9451,0%
Dominikanen8.4501,0%
Paraguayanen7.1100,8%
Urûguayanen6.6000,8%
Hondoerezen5.8050,7%
Bolivianen4.6050,5%
Kostarikanen4.0950,5%
Panamezen2.4450,3%
Portorikanen380<0,1%
alle oaren170.07519,5%
totaal870.130100%
Latino-populaasje yn Kanada per provinsje
(op grûn fan gegevens út 2011, mar inkeld fan Latynsk-Amerikanen; fan Spanjerts binne der op dit mêd gjin gegevens beskikber
Kanadeeske provinsjeLatino-populaasje% fan 'e prov. befolking
Ontario172.5601,4%
Kebek116.3801,5%
Alberta41.3051,2%
Britsk-Kolumbia35.4650,8%
Manitoba9.1400,8%
Saskatchewan3.2550,3%
Nij-Skotlân1.3600,2%
Kanadeeske provinsjeLatino-populaasje% fan 'e steatsbefolking
Nij-Breunswyk1.1600,2%
Prins Edwardeilân2350,2%
Nijfûnlân en Labrador185<0,1%
Yukon1050,3%
Noardwestlike Territoaria1050,3%
Nunavut300,1%

Gallery

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer oer Latino's yn 'e Feriene Steaten, sjoch ûnder: Footnotes en Further reading, op dizze side,
en foar boarnen en oare literatuer oer Latino's yn Kanada, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: