Oanslach

(Trochferwiisd fan Oanslach (misdriuw))

In oanslach of moardoanslach (ta ûnderskie fan bgl. in bomoansloch of in terroristyske oanslach) is in misdriuw yn 'e foarm fan in oanfal op in wichtich persoan mei de bedoeling om dyselde te fermoardzjen of yn elts slim te ferwûnjen. Yn 'e juridyske sin kin mei in 'oanslach' sawol in súksesfol útfierde oanslach as in feridele of mislearre oanslach bedoeld wêze. Faak tsjinnet in moardoanslach in polityk of ideologysk doel, mar dat hoecht net.

Yllústraasje fan 'e moard op 'e Amerikaanske presidint Abraham Lincoln troch John Wilkes Booth, op 14 april 1865 te Washington, D.C.
Dizze side giet oer it misdriuw. Foar oare betsjuttings, sjoch: oanslach (betsjuttingsside).

Yn it Nederlânske Wetboek fan Strafrjocht binne oangeande oanslaggen de folgjende bepalings opnommen:

  • kêst 92: oanslach tsjin 'e kening (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 93: oanslach tsjin it ryk (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 94: oanslach tsjin 'e regearingsfoarm (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 108: oanslach op 'e oarehelte fan 'e kening, de kroanprins(esse) of de oarehelte fan 'e kroanprins(esse). Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 115: oanslach op in befreone steatshaad. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 117: oanslach op in ynternasjonaal beskerme persoan. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.

Ferneamde oanslaggen

jierslachtofferresultaatdieder(s)
44 f.Kr.Julius Caesar, Romeinsk politikusomkommenû.o. Gajus Kassius en Markus Junius Brutus
1582Willem fan Oranje, Nederlânsk politikus en rebelleliederoerlibbeJean Jaureguy
1584Willem fan Oranje, Nederlânsk politikus en rebelleliederomkommenBalthasar Gerards
1589kening Hindrik III fan FrankrykomkommenJacques Clément
1610kening Hindrik IV fan FrankrykomkommenFrançois Ravaillac
1865Abraham Lincoln, presidint fan de Feriene SteatenomkommenJohn Wilkes Booth
1881James Garfield, presidint fan de Feriene SteatenomkommenCharles J. Guiteau
1898Elizabeth yn Beieren ("Sissi"), keizerinne fan EastenrykomkommenLuigi Lucheni
1901William McKinley, presidint fan de Feriene SteatenomkommenLeon Czolgosz
1914aartshartoch Frâns Ferdinand fan EastenrykomkommenGavrilo Princip
1922Michael Collins, Iersk politikusomkommenIerske rebellen (presize dieder ûnbekend)
1934kening Aleksander I fan JoegoslaavjeomkommenVlado Černozemski
1939Adolf Hitler, führer fan nazy-DútslânoerlibbeGeorg Elser
1940Leon Trotski, Sovjet-politikus yn ballingskipomkommenRamón Mercader
1942Reinhard Heydrich, Dútsk SS-ofsieromkommenJan Kubiš en Jozef Gabčík
1944Adolf Hitler, führer fan nazy-Dútslânoerlibbegreve Claus Schenk von Stauffenberg
1948Mahatma Gandhi, Yndiaask minskerjochte-aktivistomkommenNaturam V. Godse
1963John F. Kennedy, presidint fan de Feriene SteatenomkommenLee Harvey Oswald (?)
1963Lee Harvey Oswald, fermoedlike moardner fan John F. KennedyomkommenJack Ruby
1965Malcolm X, Amerikaansk minskerjochte-aktivistomkommenTalmadge Hayer, Norman 3X Butler en Thomas 15X Johnson
1966Hendrik Verwoerd, Súdafrikaansk politikusomkommenDimitri Tsafendas
1968Martin Luther King, Amerikaansk minskerjochte-aktivistomkommenJames Earl Ray
1968Robert Kennedy, Amerikaansk politikusomkommenSirhan Sirhan
1972Abeid Karume, Tanzaniaansk politikusomkommenûnoplost
1975 (5 sept.)Gerald Ford, presidint fan de Feriene SteatenoerlibbeLynette Fromme
1975 (22 sept.)Gerald Ford, presidint fan de Feriene SteatenoerlibbeSarah Jane Moore
1980John Lennon, Ingelsk muzikantomkommenMark David Chapman
1981Ronald Reagan, presidint fan de Feriene SteatenoerlibbeJohn Hinckley jr.
1981paus Jehannes Paulus IIoerlibbeMehmet Ali Ağca
1981Anwar al-Sadat, presidint fan EgypteomkommenKhalyd Islambûly en 3 meistanners
1982paus Jehannes Paulus IIoerlibbeJuan María Fernández y Krohn
1984Indira Gandhi, premier fan Yndiaomkommenhar beide Sikh-liifwachten Beant Singh en Satwant Singh
1986Olof Palme, premier fan Swedenomkommenûnoplost
1991Rajiv Gandhi, premier fan Yndiaomkommenin nammeleaze Tamyl-frou
1995Yitzchak Rabin, premier fan IsraelomkommenYigal Amir
2002Pim Fortuyn, Nederlânsk politikusomkommenVolkert van der Graaf
2004Theo van Gogh, Nederlânsk filmmakker en kollumnistomkommenMohammed Bouyeri
2006Anna Politkovskaja, Russysk sjoernalisteomkommenûnoplost
2007Benazir Bhutto, Pakistaansk politikaomkommenûnoplost
2011Gabrielle Giffords, Amerikaansk politikaoerlibbeJared Lee Loughner
2012Malala Yousafzai, Pakistaansk minskerjochte-aktivisteoerlibbeAtta Ulla Khan
2015Boris Nemtsov, Russysk politikusomkommenûnoplost
2016Jo Cox, Ingelsk politikaomkommenThomas Mair

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


🔥 Top keywords: