Passendale

Passendale is in doarp yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen en op it heden in dielgemeente fan Zonnebeke. It leit op de hichterêch Passendale-Esen, dy't trochrint rjochting Westrozebeke.

Passendale
De neoromaanske Sint-Audomarustsjerke
De neoromaanske Sint-Audomarustsjerke
Polityk
LânBelgje
GemeenteZonnebeke
ProvinsjeWest-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal2,928 (1991)
Oerflak22,22 km²
Befolkingsticht.131,8 / km²
Hichtem
Oar
Postkoade8980
Koördinaten
Lizzing fan de himrik yn de gemeente Zonnebeke

Passendale is sûnt de Earste Wrâldkriich in begryp: hûnderttûzenen soldaten sneuvelen der op it slachfjild. Itselde jildt foar it tichtby lizzende Yper. Op de himrik fan Passendale leit it begraafplak Tyne Cot Cemetery. Passendale hat ek noch in New British Cemetery, in Canadian Memorial en in New Zealand Forces Memorial.

Omdat it Britske leger (Frânsktalige) Belgyske stafkaarten brûkte, mei de âlde skriuwwizen fan de Flaamske toponimen, is it plak yn Ingelske oarlochsliteratuer bekend as Passchendaele.

Skiednis

De oarsprong fan de namme Passendale leit fermoedlik by de Germaanske namme foar 'delling fan Pasko'.
It plak wurdt foar it earst neamd yn 844 as Pascandale, faaks is it neamd nei in Paulus, Pascan of Pasko. Yn de midsiuwen waard de regio bestjoerd troch de Augustynske abdij fan Zonnebeke en it Benediktynsk kleaster fan Nonnebossen. Beide waarden ferneatige by in byldestoarm yn 1580.

Yn de Earste Wrâldkriich waard it doarp folslein ferneatige. De Slach om Passendale waard beskreaun as in hel fan modder en fjoer, ien fan de meast bluodrige fjildslaggen fan alle tiden, dy't duorre fan 4 oktober oant 6 novimber 1917. Op 28 septimber 1918 waard it doarp definityf op 'en nij op de Dútsers ferôvere troch it 4e Rezjimint Karabiniers en troch de Grenadiers. Twa strjitten binne neamd nei dy legerienheden.

Gallery

Begraafplak Tyne Cot

Ferneamde lju út passendale

  • Achilles Camerlynck
  • Arthur Camerlynck
  • Jozef Camerlynck
  • Famylje Donck

Keppelings om utens

🔥 Top keywords: