Proud Mary

Proud Mary is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Creedence Clearwater Revival (CCR) yn 1968 en útbrocht op it album Bayou Country fan út 1969. Proud Mary wie it sechsde nûmer op it album en waard yn jannewaris 1969 útbrocht as iennichste single fan it album.

Proud Mary
algemiene ynformaasje
B-kantBorn on the Bayou
artystCreedence Clearwater Revival
albumBayou Country
taalIngelsk
sjenreSomperock
útbrochtjannewaris 1969
opnommenRCA,
1968
doer3:07
labelFantasy
skriuwerJohn Fogerty
produsintJohn Fogerty
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân top 40 - 11,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 7
sertifisearre Grut-Brittanje sulver,
Feriene Steaten 2x platinum
tal covers7

Oer it nûmer

Proud Mary giet it oer in raderboat dy't, earne yn it djippe suden fan Amearika, de rivier ôffart. Proud Mary is de namme fan de stoommasine op de raderboat Queen. Stoommasines krigen faak nammen en dêrom ek de tekst "Proud Mary keep on burning".

Muzikanten

  • John Fogerty – Sang, Gitaar, Mûlharp, Piano en Perkusje
  • Tom Fogerty – Gitaar
  • Stu Cook - Bas
  • Doug Clifford – Drums

Ike & Tina Turner cover

Proud Mary
algemiene ynformaasje
B-kantHonky Tonk Women
artystIke & Tina Turner
albumWorkin' Together
taalIngelsk
sjenreRock
útbrochtjannewaris 1971
opnommenBolic Sound,
1970
doer5:00 album,
3:15 single
labelLiberty
skriuwerJohn Fogerty
produsintIke Turner
resultaten
hitlisten Single top 100 - 5,
Ultratop 50 - 16
sertifisearre Grut-Brittanje goud,
Feriene Steaten goud

Yn 1970 brochten de Ike & Tina Turner it album Workin' Together út it njoggende nûmer op it album is Proud Mary. It waard yn jannewaris 1971 útbrocht as single, De B-kânt fan de single wie foar it nûmer Honky Tonk Women.

Oer it nûmer

De Ike & Tina Turner ferzje is twa minuten langer as it orizjineel fan CCR. It nûmer begjint mei in stadige, soele toan dêr't Tina Turner it nûmer yn yntrodusearret en it publyk warskôget dat sy en de band "nice and easy" begjinne mar "we never do something nice and easy" we meitsje it "nice and rough" ôf. Nei't de teksten earst sêft songen binne troch de Turners, wurdt it nûmer dêrnei feroare yn in stevich rock nûmer.

Muzikanten

  • Tina Turner – Sang
  • Ike Turner – Sang (intro fan "Proud Mary"), alle ynstrumenten
  • The Ikettes – Eftergrûn sang
  • The Kings of Rhythm – alle ynstrumenten
🔥 Top keywords: