Samyske talen

(Trochferwiisd fan Samysk)

De Samyske talen foarmje in groep taalfariëteiten dy't ta de Finsk-Oegryske taalfamylje rekkene wurdt. De Samyske talen wurde troch de Samen (Sápmi) brûkt yn de noardlikste parten fan Noarwegen, Sweden en Finlân, en op it Kola-skiereilân yn Ruslân. De meast foarkommende talen binne hjoeddedei it Noardsamysk, it Lulesamysk en it Súdsamysk.

Samysk
algemien
oare namme(n)Sámegielat, Sámigiella
lânseigen ynLaplân (parten fan Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân)
tal sprekkers23.000
skriftLatynsk, Sirillysk
taalbesibskip
taalfamylje● Oeralysk
  ● Finsk-Oegrysk
    ● Samysk
taalstatus
offisjele statusFlagge fan Noarwegen Noarwegen
Flagge fan Sweden Sweden
Flagge fan Finlân Finlân
taalkoades
ISO 639-2smi

It tal sprekkers wurdt rûze op sa'n 23.000, dêrfan 12.000 yn Noarwegen, 7.000 yn Sweden, 3.000 yn Finlân en 1.000 yn Ruslân.

Steat

Noarwegen

Yn de njoggentiger jierren naam it parlemint fan Noarwegen in wet oan dy't it Samysk it steat fan offisjele taal joech yn njoggen noardlike gemeenten.

Sweden

Op 1 april 2000 waard it Samysk ien fan de fiif erkende minderheidstalen yn Sweden. Yn ferskate gemeenten kin it brûkt wurde by oerheidsynstânsjes. De universiteiten fan Umeå en Uppsala biede opliedings yn it Noardsamysk oan, en de universiteit fan Umeå biedt teffens it Ume- en it Súdsamysk oan.

Finlân

Yn Finlân hawwe de Samen sûnt 1991 it rjocht om it Samysk te brûken yn de kommunikaasje mei alle oerheidsynstânsjes. Trije Samyske talen binne erkend: Noard-, Skolt- en Inari-Samysk. De Samyske taalwet fan 2003 makke fan it Samysk in offisjele taal yn fjouwer Finske gemeenten.

Ruslân

Yn Ruslân hat it Samysk net it steat fan offisjele taal. Sûnt 2012 kin men de taal lykwols al oan de universiteit fan Moermansk studearje.

🔥 Top keywords: