Skiep en geiten

De skiep en geiten (wittenskiplike namme: Caprini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae). Dizze tûke kin opdield wurde yn 7 ûnderskate skaaien. Ta de skiep en geiten hearre, ôfhinklik fan 'e yndieling, 19 of 21 soarten bisten, mei as bekendste fertsjintwurdigers it skiep en de geit.

Skiep en geiten
De Nubyske stienbok (Capra nubiana).
De Nubyske stienbok (Capra nubiana).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang):baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang):walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift:wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift:hoarndieren (Pecora)
famylje:holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje:geiteftigen (Caprinae)
tûkeskiep en geiten (Caprini)
Gray, 1821

Tûke-opbou

  • tûke skiep en geiten (Caprini)
    • skaai Arabyske taargeiten Arabitragus: 1 soarte
    • skaai blauskiep (Pseudois): 2 soarten
    • skaai geiten (Capra): 8 soarten
    • skaai Himalayataargeiten (Hemitragus): 1 soarte
    • skaai moanneskiep (Ammotragus): 1 soarte
    • skaai Nilgirytaargeiten (Nilgiritragus): 1 soarte
    • skaai skiep (Ovis): 6-8 soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: