Tikrit

Tikrit (Arabysk: ‏تكريت), is in stêd yn Irak, 140 km noardwestlik fan Bagdad en 220 km besúdeasten Mosûl. Tikrit leit oan de rivier de Tigris en is de haadstêd fan de provinsje Salah ad Din.

Tikrit
‏تكريت
Tikri om 2004 hinne
Tikri om 2004 hinne
Polityk
Lân Irak
ProvinsjeSalah ad Din
Sifers
Ynwennertal185.000 (2014)
Oerflakkm²
Befolkingsticht./ km²
Hichte110 m
Oar
TiidsôneUTC
SimmertiidUTC
Offisjele webside
[]

Tikrit waard foar it earst neamd as ûntwyk fan de Babylonske kening Nabopolassar (626-605 f.Kr.) by sy oanfal op de stêd Assur yn 615 f.Kr.[1].
De stêd is bekend as berteplak fan Saladin, nei wa't de provinsje neamd is. Saladin ferdigene ûnder mear Egypte tsjin de krúsfarders en ferovere Jeruzalem fannijs yn 1187. De stêd is teffens ferneamd as berteplak fan Saddam Hoessein, hoewol't dy feitlik fan it doarpke Al-Auja, ûnder Tikrit kaam. Tikrit wie wol syn machtsbasis.

Tikrit hat in universiteit en twa lytse fleanfjilden.

Berne yn Tikrit

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedia
🔥 Top keywords: