Tsjernihiv

Tsjernihiv (Oekraynsk: Чернігів (Tsjernihiv)) is in stêd yn it noarden fan de Oekraïne. De stêd leit oan de rivier de Desna yn de oblast Tsjernihiv.

Tsjernihiv
'
FlaggeWapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Tsjernihiv
Sifers
Ynwennertal286.899 (2020)
Oerflak79 km²
Befolkingstichtens1.547 / km²
Stêdekloft
Hichte136 m
Oar
Stifting1024
TiidsôneUTC +2
SimmertiidUTC +3
WebsideSide Tsjernihiv

Skiednis

De earste kaart fan Tsnernihiv (1706)

Tsjernihiv heart ta de âldere plakken fan de Oekraïne en wie al in wichtich sintrum yn de tiid fan it Kiëvske Ryk. Yn de 9e iuw wie it de haadstêd fan de East-Slavyske Severjanen. De stêd waard foar it earst yn 907 neamd en wie sûnt 1000 oant 1200 de haadstêd fan it ûnôfhinklike prinsdom Tsjernigov. Yn 1239 plondere de Gouden Binde de stêd. Tusken 1370 en 1503 foel de stêd ta oan it Gruthartochdom Litouwen en dêrnei ûnder it Gruthartochdom Moskou. De stêd waard yn 1611 oerdroegen oan it Poalsk-Litouske Mienebest, mar wie sûnt 1654 ûnderdiel fan Bohdan Chmelnytsky's autonome Oekraynske steat. Nei de fal fan dy steat yn 1775 foel de stêd wer ta oan it Russyske Ryk. Tsjernihiv waard yn 1802 haadstêd fan it gûvernemint Tsjernigov.

Tsjin it ein fan de 19e iuw bestie de stêd noch altiten foar it grutste diel út houten huzen. By de earste grutte folkstelling fan it Russyske Ryk yn 1897 waard it ynwennertal fan Tsjernihiv op 17.716 fêststeld. Mei de febrewarisrevolúsje fan 1917 sette in ûkrainisearring fan media en bestjoer útein. Op 1 febrewaris 1918 wist de Sovjetmacht de kontrôle oer de sted oer te nimmen, mar al op 12 maart 1918 stiene de Dútske en Eastenrykske troepen yn de stêd. Op 12 jannewaris 1919 wist it Reade Leger de stêd werom te feroverjen.

Nei de stifting fan de Sovjet-Uny kaam de stêd yn de Oekraïne te lizzen. Yn 1932 waard Tsjernihiv haadstêd fan de oblast mei deselde namme.

Yn de Twadde Wrâldkriich naam de Wehrmacht de stêd nei twa wiken fjochtsjen op 9 septimber 1941 yn. It Reade Leger ferdreau op 21 septimber 1943 de Dútsers.

Tsjernihiv is ien fan de grutste sintra fan it lân foar de fabrikaazje fan tekstyl. Tsjernihiv is in universteitsstêd.

Befolkingsûntwikkeling

Demografyske ûntwikkeling fan Tsjernihiv fan 1897 oant 2020
Jier189719131926193419392004200520062020
befolking27.71635.85035.20068.60069.000302.097300.497299.609286.899

It besjen wurdich

Ut de Russyske tiid binne in grut tal monuminten bewarre bleaun:

  • De Transfiguraasjekatedraal út 1036, de earste katedraal fan it Kiëvske Ryk.
  • De Boris- en Glebkatedraal út de 12e iuw.
  • De Untsliepeniskatedraal fan it Jeletskikleaster út healwei de 12e iuw.
  • De Pjatnyska- of Paraskevatsjerke (twadde helte 12e iuw).
  • Elíatsjerke (12e iuw).

Ek binne der yn stêd 17e- en 18e-iuwske gebouwen fan de Oekraynske Barok en 19e-iuwske gebouwen dy't it Klassisisme fertsjintwurdigje te sjen:

De stêd is ryk oan monuminten foar persoanen dy't in wichtige rol spile hawwe yn de skiednis, lykas Bohdan Chmelnytsky, Ivan Mazepa en Taras Sevtsenko.

Galery

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: