Tsjinstfolk

Tsjinstfolk, tsjinners, betsjinden of betsjinders binne lju dy't troch in begoedige persoan betelle wurde om yn 'e húshâlding te helpen. Sokken biede in breed ferskaat oan tsjinsten foar in yndividu of in gesin, útinoar rinnend fan 'e fersoarging fan bern en âldere en krebintige gesins- of famyljeleden oant himmelwurk en ûnderhâld. Foarhinne hie de hegerein yn 'e Westerske wrâld ornaris in hiele kloft tsjinstfolk, wêrfan't de ûnderskate leden allegearre ferskillende taken ferfollen. Hjoed de dei komt men soks inkeld noch tsjin by keningshuzen, steatshaden, oare tige hege regearingspommeranten en miljonêrs. In wurkster, sa't in protte 'gewoane' minsken tsjintwurdich wol hawwe, wurdt yn 'e regel net as tsjinner(esse) beskôge, mar as in berop lykas alle oaren.

Tsjinstfolk yn 'e Feriene Steaten yn 1914.
In Paryske tsjinstfaam yn 1906
Montmartre troch Constant Puyo

Foarhinne waard tsjinstfolk as in aparte maatskiplike klasse beskôge, mei syn eigen rangen en stannen yn in hierargysk systeem dat syn hichtepunt berikte ûnder de Belle Époque yn Grut-Brittanje. Yn dy sitewaasje waard de beheinde sosjale mobiliteit fan foar de Earste Wrâldoarloch wjerspegele. Healwei de tweintichste iuw rekke dit systeem yn ferfal om't it troch hegere leanen gewoan net mear finansjeel rindabel wie. It wurk fan hegere tsjinners dy't yngewikkelde managementtaken yn mânske húshâldings ferfollen, waard soms heech wurdearre. Foar it meastepart, lykwols, waard it wurk fan sljochtwei tsjinstfolk ûnderwurdearre en op delsjoen. Yn ûntwikkelingslannen, dêr't tsjinners ek hjoed de dei noch foarkomme, steane se faak bleat oan ûnderbetelling, mishanneling en soms sels foarmen fan slavernij.

Soarten tsjinstfolk

  • faam, tsjinstfaam, tsjinstfamke of tsjinstboade, algemiene term foar in froulike tsjinner
    • baaister, tsjinstfaam dy't immen wasket of immen helpt by it baaien
    • bernefaam, tsjinstfaam dy't foar de bern soarget
    • grutfaam, heechstpleatste tsjinstfaam (fan twa)
      • lytsfaam, leechstpleatste tsjinstfaam (fan twa)
    • gruttefaam, tsjinstfaam by oansjenliken
    • gûvernante, tsjinstfaam dy't de bern grutbringt en ûnderwiist
    • húshâldster (ek húsfrousfaam), algemiene tsjinstfaam
    • keamerfaam, tsjinstfaam dy't de sliepkeamer op 'e noed hat of de persoanlike tsjinstfaam fan in dame is
    • klaaister, tsjinstfaam dy't in dame helpt by it oanklaaien
    • kokenfaam, tsjinstfaam dy't yn 'e koken wurket
    • kokkinne, tsjinstfaam dy't as taak hat om iten te sieden
    • minne, tsjinstfaam dy't de poppe (fan har wurkjouwer) it boarst jout
    • odalisk, tsjinstfaam yn in harem
  • feint of tsjinstfeint (ek argaysk knjocht), algemiene term foar in manlike tsjinner
    • baaifeint of badfeint, tsjinstfeint dy't immen wasket of immen helpt by it baaien
    • drager, tsjinstfeint dy't (mei) in draachstoel draacht
    • butler, manlike haadtsjinner
    • fuotfeint, tsjinstfeint dy't geandefoets de koets begeliedt
    • grutfeint, heechstpleatste tsjinstfeint (fan twa of trije)
      • mulfeint, middelste tsjinstfeint (fan trije)
      • lytsfeint, leechstpleatste tsjinstfeint (fan twa of trije)
    • hearefeint of hearsfeint, de tsjinstfeint fan in hear
    • húsfeint of hûsfeint, tsjinstfeint dy't yn 'e hûs wurksum is (yn tsjinstelling ta bûtendoar)
    • keldermaster, bottelier of sommelier, tsjinstfeint mei tafersjoch oer de wynkelder
    • koetsier, tsjinstfeint dy't de hynders foar de koets ment
    • keamertsjinner, liiffeint of falet, persoanlike tsjinstfeint fan in hear
    • kok, tsjinsfeint dy't as taak hat om iten te sieden
    • kokenjonge, koksjonge of koksmaat, tsjinstfeint dy't yn 'e koken wurket
    • kokenmaster, tsjinstfeint mei tafersjoch oer de koken(s)
    • lakei of livreifeint, algemiene term foar in tsjinstfeint yn in tige foarname húshâlding
    • palfrenier of bykoetsier, tsjinstfeint dy't as byrider op 'e koets fungearret
    • portier, tsjinstfeint dy't belêstge is mei it yn- en útlitten fan besikers
    • stâlfeint, tsjinstfeint dy't wurksum is yn 'e stâlen
    • tafeltsjinner of tafelbetsjinde, tsjinstfeint dy't it iten optsjinnet
    • túnman of túnfeint, tsjinstfeint dy't wurksum is yn 'e tún
    • túnmaster of túnbaas, tsjinstfeint mei tafersjoch oer de tún

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: