Wite Mar (oblast Vologda)

De Wite Mar (Russysk: озеро Белое; Ozero beloje) of de Belojemar is in mar yn it westlike diel fan 'e Russyske oblast Vologda.

Wite Mar (Belojemar)
geografy
type wettermar
lokaasjeJeropeesk Ruslân
lânflagge fan Ruslân Ruslân
oblast Vologda
koördinaten60° 10' N 37° 38' E
sifers
maks. lingte46 km
maks. breedte33 km
oerflak1.290 km²
djiptegemiddelde5,5 m
djipste punt33 m
kaart
Wite Mar (Jeropeesk Ruslân)
Wite Mar

De mar hat in maksimale diameter fan 46 kilometer en in maksimale djipte fan 33 meter. Wichtige rivieren dy't it wetter oanfiere binne de Kovzja, Kema en Megra. Meiïnoar binne der mear as 60 rivieren en rivierkes dy't op de mar ôfwetterje. Guon dêrfan steane simmerdeis droech. It oerstallige wetter wurdt oer de Sjeksna ôffierd nei de opslachmar fan Rybinsk yn 'e Wolga.

De Belojemar foarmet in ûnderdiel fan it Wolga-Eastseekanaal. Oan de mar leit Belozersk, ien fan de âldste stêden fan Ruslân.

Oan de súdwestlike kant fan de mar is it 67 lange Belozerskkanaal oanlein.

🔥 Top keywords: