Alteveer (Stedskanaal)

Alteveer is in streekdoarp yn de gemeente Stedskanaal yn de Nederlânske provinsje Grinslân. In part fan de westkant fan Alteveer leit yn de gemeente Pekela. It doarp leit tusken Onstwedde en Nieuwe Pekela en oan wjerskanten fan de N365 en njonken de N366.

Alteveer (Stedskanaal)
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Stedskanaal
Pekela
Sifers
Ynwennertal1.155[1]
Oar
FerkearsierenN365 N366
Postkoade9661
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 3' NB, 6° 60' EL
Kaart
Alteveer (Grinslân)
Alteveer

Namme

De namme Alteveer betsjut yn it Nederlânsk al te ver (al te fier) om't it doarp in feankoloanje oan de ein fan de wikestelsel fan de Pekel A lei.[2]

Skiednis

It plak wurdt ek wol Tange-Alteveer neamd, in gearfoeging fan de twa buorskippen Tange en Alteveer. Tange is in âlder sândoarp en lei eastlik op in morene, in ferheging dy't yn de foarlêste iistiid ûtstien is. It wurd tange wurdt yn Westerwâlde ornaris brûkt foar in ferheging yn it omlizzende fean. Alteveer is in lintdoarp en lei westlik dat as feankoloanje bylâns it Alteveerkanaal ûntstien is oan de ein fan de njoggentjinde iuw. It doarp ûntstie yn it begjin fan de tweintichste iuw en lei oan de ein fan in feanoanmakkerij. It gebiet waard út Nieuwe Pekela wei oanmakke. Oan de ferbiningsdyk tusken Nieuwe Pekela en Onstwedde ûntstie in lintdoarp. Fan dy ûntginningsas ôf ûntstie de planmjittige ferkaveling.

Tange-Alteveer hie lykas in soad feanterijdoarpen in soad earmoede. In soad bewenners wennen yn spitketen. De lêste waard oant 1941 bewenne en waard nei it ferstjerren fan de lêste bewenster nei it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim oerbrocht.

It besjen wurdich

De balstien foar it doarpshûs dy't yn 1979 tusken Alteveer en Tange opgroeven waard
  • De Aldamtster pleats Houdt Moed fan 1937
  • Foar doarpshûs Drijscheer leit in balstien fan 30 ton dy't yn 1979 tusken Alteveer en Tange opgroeven waard.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alteveer (Groningen) fan Wikimedia Commons.
Stedskanaal
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
Barlage • Blekslage • BraambergCeresdorp • Höchte • Höfte • Holte • HorstenOomsberg • Smeerling • Sterenborg • Tange • Ter Maarsch • Ter Wupping • Veenhuizen • Vledderhuizen • Vosseberg • Wessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
wizigje
Pekela
Doarpen:
AlteveerBoven PekelaNieuwe PekelaOude Pekela
Buorskippen:
Bronsveen • Hoetmansmeer
Wetter:
Pekel A • Pekelderdiep
wizigje