Cartagena (Kolombia)

Cartagena, yn de koloanjale tiid ek bekend as Cartagena de Indias, is in grutte havenstêd stifte yn 1533, lizzend oan de noardkust fan Kolombia oan 'e Karibyske kust. It wie strategysk lizzend tusken de rivieren de Magdalena en de Sinú en waard de wichtichste haven foar hannel tusken Spanje en it overseeske ryk, wêrtroch't de stêd fan grut belang waard fan de iere 1540er jierren ôf. Yn de koloanjale tiid wie it de foarnaamste haven fan de útfier fan Perûaanske sulver nei Spanje en de ynfier fan Afrikaanske slaven ûnder it asiento-systeem. It ferdigene himsels tsjin oanfallen fan piraten yn it Karibyske gebiet.

Cartagena de Indias
Ciudad de Cartagena
Polityk
LânKolombia
SteatBolívar
BoargemasterPedrito Tomas Pereira Caballero
Sifers
Ynwennertal971.952
Oerflak572 km²
Stêdekloft1.013.389
Hichte2 m
Oar
Stifting1533
TiidsôneUTC-5 (UTC-5)
SimmertiidUTC-5(UTC-5)
Koördinaten10°24′ NB 75°30′ WL
Offisjele webside
www.cartagena.gov.co

It is de haadstêd fan it departemint Bolivar en mei in befolking fan 971.592 (2016), is it de fyfde grutte stêd fan Kolombia. De ekonomy fan de stêd bestiet benammen fan de havenn- en petrogemyske yndustry en toerisme.

De stêd waard stifte op 1 juny 1533 en waard neamd nei Cartagena yn Spanje. Befolking yn en om de baai fan Cartagena hinne, wie der al fan 4000 f.Kr. ôf. Ferskate Yndiaanske folken libben dêre. Yn de Spaanske koloanjale tiid wie Cartagena in bestjoerssintrum fan it Spaanske Ryk. Yn 1984 waard it âlde stedssintrum, dêr't de âlde ferdigeningsmuorre noch omhinne stiet, kaam op de UNESCO-Wrâlderfgoedlist.

🔥 Top keywords: