Chester A. Arthur

Chester Alan Arthur (Fairfield (Fermont), 5 oktober 1830New York City (New York), 18 novimber 1886) wie fan 1881 oant 1885 de 21e Amerikaanske presidint. Hy wie lid fan de Republikeinske partij.

Chester Alan Arthur
Arthur's hantekening

Arthur waard berne as soan fan in út Ierlân emigrearre baptistepredikant. Yn 1848 studearre er ôf oan Union College yn Schenectady. Dêrnei wie er ûnder oaren warber yn it ûnderwiis. Yn de Amerikaanske Boargerkriich tsjinne er yn in logistike ienheid fan syn thússtêd New York. Hy berikte de rang fan kertiermaster-generaal. Fan 1871 oant 1878 wie er belestingûntfanger yn de haven fan New York. Yn 1881 waard er ficepresidint, neist presidint James Garfield. Garfield stoar op 19 septimber 1881 nei in moardoanslach, sadat Arthur ûnferwachte, sûnder ûnderfining op it mêd, presidint waard.

Yn Arthur syn presidintskip kamen wichtige maatskiplike herfoarmingen ta stân, sa as it útskriuwen fan iepen en earlike eksamens foar wichtige beneamingen. Hjirtroch krige Arthur as presidint in frijwat goede namme. By de Amerikaanske presidintsferkiezingen yn 1884 besocht er fergees om troch syn partij nominearre te wurden foar in twadde termyn, hoewol't er doe al wist dat er in deadlike leversykte ûnder de lea hie. Arthur stoar yn 1886 thús yn New York, dêr't er ek te hôf kaam.

Kabinetsleden ûnder Arthur

KABINETSLEDENMINISTEARJEPerioadeBYsûnderheden:
James BlaineBûtenlânske Saken1881Itselde ûnder Garfield + B.Harrison
Samual KirkwoodBinnenlânske Saken1881 - 1882Itselde ûnder Garfield
Robert Todd LincolnOarloch1881 - 1885Itselde ûnder Garfield
William WindomFinânsjen1881Itselde ûnder Garfield + B.Harrison
Wayne McVeaghJustysje1881Ek ûnder Garfield
William HuntMarine1881 - 1882Ek ûnder Garfield
Thomas JamesPosterijen1881 - 1882Ek ûnder Garfield
Frederick FrelinghuysenBûtenlânske Saken1881 - 1885
Charles FolgerFinânsjen1881 - 1884
Henry TellerBinnenlânske Saken1882 - 1885
Benjamin BrewsterJustysje1882 - 1885
William ChandlerMarine1882 - 1885
Timothy HowePosterijen1882 - 1883
Walter GreshamPosterijen1883 - 1884Minister fan Bûtenlânske Saken ûnder Cleveland (2)
Finânsjen1884
Frank HattonPosterijen1884 - 1885
Hugh McCullochFinânsjen1884 - 1885Itselde ûnder Lincoln + Johnson

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chester A. Arthur fan Wikimedia Commons.
🔥 Top keywords: