Grover Cleveland

Stephen Grover Cleveland (Caldwell, 18 maart 1837 – Princeton, 24 juny 1908) wie de 22ste en 24ste presidint fan de Feriene Steaten fan 1885 oant 1889 en fan 1893 oant 1897.

Stephen Grover Cleveland

Cleveland wie in demokratysk politikus, boargemaster fan Buffalo en gûverneur fan New York west doe't er James Blaine fersloech by de presidintsferkiezingen fan 1884. Yn syn regearperioaden, fan 1885 oant 1889 en fan 1893 oant 1897, waard er priizge om syn moed, earlikheid as man sûnder wryt of slyt. Syn besykjen om de ynfierrjochten te ferleegjen, syn protte feto's fan Kongresbesluten en it stelselmjittich negearjen fan de parse makke him net sa populêr. Dat hy ferlear de Amerikaanske presidintsferkiezingen fan 1888 fan Benjamin Harrison.

By presidintsferkiezingen fan 1892 fersloech er lykwols deselde Benjamin Harrison; syn twadde termyn rûn fan 1893 oant 1897. In wapenfeit fan Cleveland út dy regearperioade dat it fernijen wurdich is, wie it ynlûken fan de troch Harrison útfeardige Sherman Silver Purchase Act (1890) yn 1893. Tenei lei goud yn stee fan sulver oan de basis fan de jildhûshâlding.Cleveland is de iennige presidint dy't yn twa net oaniensletten terminen presidint west hat. Hy wie teffens de iennige presidint dy't yn it Wite Hûs it houlik oangie. Op 2 juny 1886 troude er mei de 27 jier jongere Frances Cleveland (Frances Clara Folsom), dy't doe 21 wie en sa de jongste First Lady oant no ta waard. Sy ferfong Rose Cleveland, de suster fan de presidint, dy't as First Lady optrede yn de tiid dat hy noch frijfeint wie.

Kabinetsleden ûnder Cleveland (1e perioade)

KABINETSLEDENMINISTEARJEPerioadeBysûnderheden:
Thomas BoyardBûtenlânske Saken1885 - 1889
Lucius LamarBinnenlânske Saken1885 - 1888
William C. EndicottOarloch1885 - 1889
Daniel ManningFinânsjen1885 - 1887
Augustus GarlandJustysje1885 - 1889
William WhitneyMarine1885 - 1889
William VilasPosterijen1885 - 1888
Binnenlânske Saken1888 - 1889
Charles FairchildFinânsjen1887 - 1889
Donald DickinsonPosterijen1888 - 1889
Norman ColmanLânbou1889

Kabinetsleden ûnder Cleveland (2e perioade)

KABINETSLEDENMINISTEARJEPerioadeBysûnderheden:
Walter GreshamBûtenlânske Saken1893 - 1895Minister fan Posterijen / Finânsjen ûnder Arthur
Hoke SmithBinnenlânske Saken1893 - 1896Daniel LamontOarloch1893 - 1897
John CarlisleFinânsjen1893 - 1897
Richard OlneyJustysje1893 - 1895
Bûtenlânske Saken1895 - 1897
Hilary HerbertMarine1893 - 1897
Wilson BissellPosterijen1893 - 1895
Julius MortonLânbou1893 - 1897
Judson HarmonJustysje1895 - 1897
William WilsonPosterijen1895 - 1897
David FrancisBinnenlânske Saken1896 - 1897
🔥 Top keywords: