Coventry

Coventry is in stêd (city) en in distrikt yn de West Midlands fan Ingelân. Coventry leit 153 kilometer noardwestlik fan Londen en 39 kilometer beëasten Birmingham.

Coventry
Polityk
LânFeriene Keninkryk
RegioWest Midlands
GreefskipWest Midlands
Sifers
Ynwennertal315.700 (2006)
Oerflak98,64 km²
Befolkingsticht.3.108 / km²
Oar
Stifting1043
TiidsôneGMT (UTC+0)
Simmertiid(UTC+1)
Offisjele webside
Coventry
Lizzing Coventry yn Ingelân
De ruïnes fan de katedraal fan Coventry

Bombardemint op Coventry

Yn de Twadde Wrâldkriich, op 14 novimber 1940, waarden grutte parten fan de stêd rekke troch in Dútsk bombardemint. Ek de ferneamde katedraal fan de stêd waard doe ferwoastge. Letter yn de kriich krige Coventry mear bombardeminten te fernearen. De Sint-Michaelkatedraal waard op 'en nij boud njonken de ruïnes fan de âlde en waard yn 1962 ynwijd.

Underrjocht

Coventry hat twa universiteiten. De Universiteit fan Coventry leit op in moderne kampus yn it stedssintrum. De Universiteit fan Warwick sit 5 km besuden it sintrum oan de grins mei Warwickshire.

Stedsbyld

Panorama Coventry City

Noard
Súd
East
West

Berne yn Coventry

  • Nigel Hawthorne (1929-2001), akteur
  • Clint Mansell (1963), muzikus en filmmuzykkomponist
  • Clive Owen (1964), akteur
  • Marlon Devonish (1 juny 1976), sprinter
  • Terry Hall (19 maart 1959), sjonger en muzikus (The Specials)

Stedebannen (karút)

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: