Cover (muzyk)

In cover of coverferzje is yn 'e moderne muzyk in bewurking fan in besteand liet troch in oare artyst as de oarspronklike útfierder. Dêrby wurdt de orizjinele ferzje tydlik oan it gesicht ûntlutsen oftewol bedutsen (Ingelsk: to cover), dêrfandinne de namme. Coverferzjes fan besteande lieten kinne persiis deselde tekst hawwe as it orizjineel, mar it kinne ek oersettings nei in oare taal wêze of ferzjes yn deselde taal, mar mei in oanpaste tekst. Ek komt it geregeldwei foar dat in coverferzje oan 'e smaak fan 'e nije útfierder oanpast wurdt en dêrom yn in folslein oar muzyksjenre útbrocht wurdt, lykas in countryliet yn popstyl of in reggaeferzje fan rockballad. It meitsjen fan in cover kin in oade oan 'e oarspronklike artyst wêze, mar it kin ek bedoeld wêze as parody of sels as iepentlike krityk.

Ferskate motiven kinne in rol spylje by sa'n werynterpretaasje fan in âlder wurk. Sa kin it wêze dat de coverartyst meiliftsje wol op it súkses fan it orizjineel. Oan 'e oare kant kin it ek wêze dat it orizjineel hielendal net súksesfol wie, mar dat in ferneamde artyst it sa'n moai ferske fynt dat er it sels sjonge wol. Yn sa'n gefal kin it wêze dat in liet pas yn 'e coverferzje bekendheid by in breder publyk kriget. In trêde faak foarkommende reden is nostalgy fan 'e coverartyst nei de muzyk út syn of har jonkheid.

Inkele foarbylden fan bekende covers binne:

  • Brandend Zand fan Anneke Grönloh (1962): in cover fan Heißer Sand fan Mina (1962)
  • Knockin' on Heaven's Door fan Guns N' Roses (1991): in cover Knockin' on Heaven's Door fan Bob Dylan (1973)
  • I Will Always Love You fan Whitney Houston (1992): in cover fan I Will Always Love You fan Dolly Parton (1974)
  • Dromen Zijn Bedrog fan Marco Borsato (1994): in cover fan Storie di Tutti i Giorni fan Riccardo Fogli (1984)
  • American Pie fan Madonna (2000): in cover fan American Pie fan Don McLean (1971)
  • Nothing Else Matters fan Lucie Silvas (2006): in cover fan Nothing Else Matters fan Metallica (1991)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

🔥 Top keywords: