De Harkema

De Harkema is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, west fan Surhústerfean. De ynwenners hjitte offisjeel Harkemasters, mar yn de folksmûle wurde hja meast Harrekiten neamd.

De Harkema
Warmoltstsjerke
Warmoltstsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal4.320 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak6,50 km², wêrfan:
- lân: 6,46 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht.670 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 11'N 6° 8'E
Lokaasje De Harkema (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje De Harkema (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Offisjele webside
FB-side De Harkema
Kaart
De Harkema (Fryslân)
De Harkema

De Harkema hat 4.320 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Bouwe of Buvo Harckema hie in broer Gercke (nammejouwer fan Gerkeskleaster en bouwer fan it kleaster 'Jeruzalim', dat in grutte rol spile by de ferfeantingen). Lykas syn broer stifte Bouwe yn 1242 by Droegeham ek in kleaster. Ek dat kleaster spile in rol yn 'e feanterij en dêrmei yn it lettere ûntstean fan De Harkema. En Bouwe Harkema soe letter ek de nammejouwer fan it doarp wurde.

Holwente

Yn 'e 17e en 18e iuw lei healwei Droegeham en Stynsgea oan beide kanten fan de wei it lange streekdoarp Harkema-Opeynde. Dy aardich grutte boeremienskip ferdwûn troch ferskillende omstannichheden, mar op de súdliker lizzende heidefjilden ûntstie yn 'e 19e iuw nije bewenning yn 'e foarm fan tige earmoedige wenten en in soad spitketen.

Groepkes spitketen dy't by elkoar stiene waarden Smoarhoeke, de Fûgelkamp, Barchhiem, de Bulten, de Dunen en de Bosk neamd. De heidebewenners hiene net folle kontakt mei de lju út de omlizzende doarpen en hja waarden ek in soad skoudere.

De tsjerklike grinzen fan de omlizzende doarpen Droegeham, Stynsgea, Surhústerfean en Surhuzum wiene op de heide net dúdlik, sadat der ek hast gjin pastoraal wurk dien waard. Mei de komst fan de evangelist Lambertus Nankes Warmolts feroare dat en hy stifte in ynearsten houten evangelisaasjegebouke en yn 1908 in skoalle foar de bern. Yn 'e selde tiid kaam ek it sosjalisme op en mannen as Jelle Dam en Durk Mozes setten harren ek tige foar de heidsjers yn.

Stiennen arbeiderswente

De Wenningwet soarge der foar dat de spitketen ferfongen waarden troch stiennen hûzen. Yn 1920 waarden de eardere heidegebieten fan Droegeham, Surhústerfean en Surhuzum gearfoege en ûnstie De Harkema-Opeinde as in selsstannich doarp.

Sûnt de jierren 1950 groeide de ynearsten losse bebouwing fan De Harkema ta in oanslutende ienheid. Tusken 1953 en 1964 waarden fral troch partikuleren wol 300 wentes boud, De Harkema waard ek wol in boufakkersdoarp neamd. Oan de Betonwei ûnstiene mear resint ek ferskillende bedriuwen.

Yn 2013 krige De Harkema yn it sintrum in nij winkelgebiet.

Namme

De namme waard foar it earst yn 1530 neamd as Opeyndt. Oare nammen wiene Harckma Op Eynd (1718) en Harkema Opeynde (1786). Yn de folksmûle waard it doarp ek wol Opein neamd; oare nammen wiene De Harkema-Opeinde, de Hamsterpein, de Hamsterheide of De Harkema. Om gjin betizing mei de Grinzer Pein (Opende) en De Pein (Opeinde) te krijen krige it doarp yn 1972 de namme Harkema, de namme waard letter feroare yn De Harkema.

Wapen fan De Harkema

De liuw is ôfkomstich fan it wapen fan de famyljenamme Harckema. Op in tsjerkebank yn Stynsgea is dy ek noch te sjen. Bouwe Harckema, de stifter fan it Bouwekleaster, hie dat wapen doe noch net. De reade kleur tsjut de bloeiende heide oan, it turfblok it turfstekken en de ikel symbolisearret de iken yn de Fryske Wâlden.

Mienskip

Oarlochsmonumint

De redaksje fan it Doarpsblêd hat yn eigen behear in fotoboek útjûn. Sûnt 2003 bestiet de Kommisje Doarpsfeest. De "Panne" is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan immen dy't him fertsjinstlik makke hat foar it doarp. Kluphûs Harkema is der foar sosjaal-kultureel wurk.

Tsjerken

PKN-tsjerke

Skoalle

Ferienings

Bekende Harkiten

De hurdfytsers Wiebren Veenstra en Pieter Weening komme út De Harkema. Pieter Weening wûn op 9 july 2005 as earste Fries in etappe yn de Tour de France.

Befolkingsferrin

Jier184819131955196019651970199019941998
Ynwenners48312042841283932243486421542964291
Jier2002200620082012201420152020
Ynwenners4275429242284203426842634308

Temapark De Spitkeet

Spitkeet (Temapark)

Simmerdeis is yn it Iepenloftmuseum De Spitkeet te sjen yn hokker omstannicheden de bewenners tusken 1850-1920 libben en wennen. Der is in earmetsjerkhôf, in spitkeet, in klokkestoel, in wâldhúske, in fruithôf, in skieppehok en in wenningwetwente.

Strjitten

Alle strjitten yn De Harkema.

Iepenbier ferfier

Publikaasjes

  • Simon Hoeksma -"De erfenis van Bouwe Harkema"
  • Simon Hoeksma -"Boerderijen met hun bewoners en andere bijzonderheden in Drogeham en het oude Harkema-Opeinde."
  • Simon Hoeksma -"Spitketen op de Friesch-Groningsche Heide; over het wonen, leven en werken op de heide van 1850 tot 1950."
  • Anita Terpstra -"Al mijn moeders"
  • Daan Sindelka - "Groeten uit Harkema"

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Achtkarspelen
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
wizigje
🔥 Top keywords: