Dolby Theatre

It Dolby Theatre, oant 2012 bekend as it Kodak Theatre, is in skouboarch yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles. It stiet yn 'e wyk Hollywood, oan 'e ferneamde strjitte Hollywood Boulevard, en makket diel út fan it winkelsintrum Ovation Hollywood. It Dolby Theatre kaam yn 2001 ree en sûnt 2002 wurdt der elts jier de útrikkingsseremoanje holden fan 'e Oscars, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan film. De rest fan it jier wurdt de skouboarch brûkt foar konserten, teäterfoarstellings en oare eveneminten.

Dolby Theatre
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
plak Los Angeles
adres6801 Hollywood Boulevard
koördinaten34°06′10″ N 118°20′25″ W
bysûnderheden
type bouwurkskouboarch
boujier19972001
arsjitektDavid Rockwell
oare ynformaasje
kapasiteit3.332
kosten$94 miljoen
offisjele webside
dolbytheatre.com
kaart
Dolby Theatre (Hollywood)
Dolby Theatre
Lokaasje yn Hollywood.

Arsjitektuer

It Dolby Theatre waard ûntwurpen troch arsjitekt David Rockwell fan 'e Rockwell Group mei spesifyk de útrikking fan 'e Oscars yn 'e efterholle. It poadium is dêrom ien fan 'e beide grutsten yn 'e Feriene Steaten, rûchwei like grut as dat fan 'e Elliott Hall of Music fan 'e Purdue Universiteit yn West Lafayette (Indiana), mei in breedte fan 34 m en in djipte fan 18 m. Mar de publykskapasiteit is mar heal sa grut as dy fan 'e Elliott Hall of Music, mei't der yn it Dolby Theatre 'mar' 3.332 sitplakken binne.

De skouboarch is bekend wurden as de lokaasje foar op 'e tillefyzje útstjoerde priisútrikkingsseremoanjes (lykas dy fan 'e Oscars) en oare shows (lykas de talintejacht American Idol). Om it gebou dêrfoar geskikt te meitsjen, holden Rockwell en syn assistinten wiidweidige petearen mei foaroansteande crewleden út 'e tillefyzjeyndustry fan Hollywood. Sa koe in tige funksjonele keabelynfrastruktuer berikt wurde, mei in ûndergrûnske 'keabelbunker' dy't de skouboarch ferbynt mei mobile tillefyzjerezjykeamers efteryn frachtweinen dy't bûtendoar yn 'e neite fan it gebou parkearre wurde kinne. Ek waarden der yn it gebou folle mear stopkontakten opnommen as gebrûklik is, en ferskate oanslutings op it elektrisiteitsnetwurk, sadat der gjin gefaar is foar oerbelêsting. De orkestbak waard fierders foarsjoen fan in unike, troch Rockwell betochte, 'cockpit' foar kamera's, lûdstechnyk en poadiumrezjy.

De yngong fan it Dolby Theatre is sitewearre oan 'e ferneamde trochgeande strjitte Hollywood Boulevard, by de hoeke mei Highland Avenue. Oan 'e iene kant fan it gebou stiet de monumintale bioskoop Grauman's Chinese Theatre, wylst ek it El Capitan Theatre, in oare ferneamde bioskoop, net fier ôf stiet. Op 'e begeane grûn fan it gebou is it winkelsintrum Ovation Hollywood fêstige. Fia de yngong oan 'e foarkant wurdt men troch in grutte hal nei de efterkant fan it winkelsintrum laat, dêr't in swide treppen tagong biedt ta de eigentlike skouboarch op 'e earste ferdjipping. Oan wjerskanten fan 'e hal binne de foargevels fan eksklusive winkels fêstige, wylst it plafon fan 'e hal omheech holden wurdt troch pylders yn art deco-styl, wêryn't yn opljochtsjende panielen de nammen fan Oscarwinners út it ferline te lêzen steane, mei romte oer foar takomstige winners oant en mei 2071. By de útrikking fan 'e Oscars wurde de winkelgevels ferburgen ûnder reade draperyen, wylst by de treppen del, troch de hal en oer it trottoir in reade loper útrôle wurdt.

De grutte treppen dy't omheech liedt nei it Dolby Theatre.

Skiednis

De skouboarch waard boud yn opdracht fan 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS), de organisaasje efter de útrikking fan 'e Oscars, mei as doel om 'e logistike tûkelteammen te oerwinnen dy't hieltyd gruttere swierrichheden opsmieten foar de útrikkingsseremoanje. Om dat te berikken, waard yn 1997 in oerienkomst sletten mei TrizecHahn, in Kanadeesk projektûntwikkelingsbedriuw. TrizecHahn soe de bou fan 'e nije skouboarch beävensearje en de AMPAS tekene in hierkontrakt foar tweintich jier foar it hâlden fan 'e Oscar-útrikkings yn it nije gebou.

De bou sette daliks útein en de skouboarch waard yn 2001 oplevere. De boukosten bedroegen yn totaal $94 miljoen. De Oscar-útrikking waard foar it earst yn 2002 yn it nije gebou holden. De skouboarch waard sponsore troch fotografyreus Eastman Kodak Company, dy't $75 miljoen betelle foar it nammerjocht. De skouboarch kaam sadwaande bekend te stean as it Kodak Theatre. Doe't Eastman Kodak yn febrewaris 2012 fallyt gie, kaam de skouboarch tydlik it Hollywood and Highland Center te hjitten, nei de oanbuorjende strjitten. Yn maaie fan dat jier waard yn Dolby Laboratories, in produsint fan lûdsapparatuer, in nije sponsor fûn en krige it gebou syn hjoeddeistige namme.

It iennichste jier sûnt 2002 dat de útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars net yn it Dolby Theatre holden waard, wie 2021, doe't de seremoanje omreden fan 'e romtebeheinings yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy ôfskale en ferpleatst waard nei de grutte hal fan it spoarstasjon Union Station. Oare eveneminten dy't yn it Dolby Theatre plakfûn hawwe, binne û.o. de útrikking fan 'e oeuvreprizen fan it Amerikaansk Filmynstitút, de útrikking fan 'e Latin Grammy Awards yn 2002, de foarstelling Iris fan teäterselskip Cirque du Soleil en de opnamen foar de op 'e tillefyzje útsjtoerde talintejachten American Idol fan Fox en America's Got Talent fan NBC.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


🔥 Top keywords: