Dufur (Oregon)

Dufur is in plak (city) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 632 ynwenners.

Dufur
Lokaasje fan Dufur yn Wasco County en Oregon
Lokaasje fan Dufur yn Wasco County en Oregon
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatOregon
CountyWasco County
Sifers
Ynwennertal632 (2020)[1]
Oerflak1,53 km²
Befolkingsticht.414,29/ km²
Hichte410 m
Oar
Stifting1893
Postkoade97021
TiidsônePacific (PST)UTC-8
SimmertiidUTC-7
Koördinaten45° 27' 12" N 121° 7' 38" W
Dufur út 'e loft wei sjoen
Dufur út 'e loft wei sjoen
Offisjele webside
www.cityofdufur.org
Kaart
Dufur (Feriene Steaten)
Dufur
Lokaasje yn de Feriene Steaten
""Balch Hotel, boud yn 1907, yn Dufur (2008)

Skiednis

De earste blanken kamen yn 1852 yn de omkriten. Dufur waard op 10 febrewaris 1893 stifte troch de twa bruorren Andrew en Enoch Burnham Dufur. Harren âlden, dy't út Nij-Ingelân wei kamen en fan Frânske hugenoaten ôfstamje, setten harren yn 1872 nei wenjen yn de omkriten en setten útein mei it opfokken fan fee op 240 bunder lân op it plak dêr't Dufur hjoed-de-dei leit. Yn 1880 ûntwurpen se it plattegrûn fan it plak.

Yn 2018 baarnde der goed 30.000 bunder lân ôf yn de omkriten fan Dufur omreden de drûchte.

Geografy

Dufur leit likernôch 25 km súdlik fan The Dalles oan de US Route 197. It plak leit yn it midden fan rôljende heuvels, dêr't benammen weet en fruitbeammen ferboud wurde.

Klimaat

It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 20 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat Dufur in waarm mediterraan klimaat, Csb.

Demografy

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 604 minsken, 244 hûshâldings en 163 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 94,5% blanken, 1,7% yndianen, 0,2% Aziaten, 0,2% Pasifisyske Eilanners, 1,3% fan oare rassen en 2,2% fan mingde rassen. Etnysk sjoen foarmen Hispanics 1,5% fan de befolking.


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: