Fabrique Nationale d'Herstal

(Trochferwiisd fan Fabrique Nationale de Herstal)

Fabrique Nationale d'Herstal (FN) is in wrâldferneamde produsint fan fjoerwapens. It haadkantoar sit yn Herstal (België). It Waalsk Gewest is eigner fan it bedriuw.

Logo fan Fabrique Nationale d'Herstal
Yngong fan FN

Skiednis

Stand fan FN Hersal, 1929

De Fabrique Nationale d 'Armes de Guerre waard 1889 oprjochte mei it doel 150.000 Mauser-gewearen te meitsjen foar de Belgyske steat.

Al fan 1898 ôf oan hie FN in goede ferhâlding mei John Browning en tegearre makken se tal fan ferneamde wapens, ûnder oare de Browning-pistoalen.De M 1910 fan John Browning dy't by Fabrique Nationale d'Herstal makke waard, waard brûkt foar de moard op Frâns Ferdinand fan Eastenryk, dy't ta de Earste Wrâldoarloch liede soe.
Fan 1940 oant 1944 makke FN ûnder de Dútske bsetting wapens en munysje foar de Wehrmacht mei it stimpel ch.
In 1989 nam FN Herstal USRAC oer, de fabrikant fan de ferneamde Winchester gewearen en waard ek de eigner fan Browning Arms Company, beide Amerikaanske wapenprodusinten.

It Waalsk Gewest is sûnt 1997 foar 100% eigner en hat dy oandielen ûnderbrocht by har partisipaasjemaatskippij Sogepa, de Société Wallone de Gestion et de Participations.

Auto's en motorfytsen

Njonken wapens hat FN ek motorfytsen, automobilen en frachtweinen makke.

Yn 1900 sette FN út ein mei de produksje fan auto's. Neist elegante limûsines waarden ek sportweinen makke. Oant de Earste Wrâldkriich koe FN goed meikomme mei konkurrinten, mar dêrnei mist men de slach. Der waard besletten om him op it meitsjen fan motorfytsen en wapens ta te lizzen. Motorfytsen waarden oant 1965 boud. Teffens binne in skoft strielmotoren fan Rolls Royce yn lisinsje boud.

Wapens makke troch FN

FN Five-seveN
Gravueres op in FN Browning GP35
Munysjedoas mei logo

De folgjende wapens wiene in FN-ûntwerp:

Pistoalen

  • FN Model 1900
  • FN Model 1903
  • FN Model 1905
  • FN Model 1910
  • FN Model 1910/22
  • FN Browning High Power
  • FN HP-DA
  • FN Forty-Nine
  • FN Five-seveN
  • FN FNP (-9, -40, -45 en -357)

Revolvers

  • FN Barracuda

Masinepistoalen

  • FN P90 en PS90

Heilgewearen

  • FN B25 sportgewear
  • FN Self-Loading Police Shotgun
  • FN Tactical Police Shotgun

Net-automatyske gewearen

  • FN 24/30
  • FN 30-11
  • FN Patrol Bolt Rifle
  • FN Special Police Rifle

Healautomatyske gewearen

  • FN Model 1949
  • FN FAL
  • FN CAL
  • FN FNC
  • FN F2000 en FS2000
  • FN SCAR-L
  • FN SCAR-H

Masinegewearen

  • FN MAG (as M240)
  • FN BRG-15 (ûntwerp)
  • FN Minimi (Amerikaanske versie is de M249, net itselde wapen)
  • FN M3P

Spesjale gewearen

  • FN 303 (luchtdrukprojektyllansearder)
  • FN EGLM (granaatlansearder foar fêstmeitsjen op SCAR)

Bibliografy

  • The FN FAL Explained (Download) fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com 2004)
  • The FN High Power Explained (Download) fan Gerard Henrotin, (H&L Publishing - HLebooks.com, 2003)
  • The FN Browning Models 1910 - 1922 Explained" (dellade) fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com - 2006)
  • The FN Browning Model 1906 Vest Pocket Explained" - Downloadable ebook fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com - 2007)

Keppelings om utens