Fjoertoer fan Urk

De fjoertoer fan Urk is in 18,5 m hege fjoertoer. De Urker fjoertoer waard yn de jierren 1844-1845 boud en moast yn 1901 mei goed fiif meter ferhege wurde om't de yn 1885 grutter makke Betheltsjerke it ljocht nei it easten hindere.

Fjoertoer fan Urk
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Flevolân
gemeente Urk
plakUrk
adresWijk 3 80
bysûnderheden
type bouwurkFjoertoer
boujier1844-1845
arsjitektLeendert Valk
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer35882 [1]
oare ynformaasje
hichte18,5 meter
offisjele webside
Side fjoertoer Urk

De fjoertoer is de iennige oan de Iselmar en Markermar, dy't in draailjocht hat (de lampe stiet stil en de lins draait).

Yn 2009 krige de fjoertoer by it ûnderhâld in nije koperen tek. De toer is regelmjittich iepen foar besikers.

Skiednis

Al sûnt 1617 baarnde der op Urk fjoer foar de Urker fiskers en de skippen dy't fan Amsterdam nei de Noardsee farden. It earste fjoerbeaken waard yn opdracht fan de Amsterdamske boargemaster Gerrit Jacob Witsen boud. Fanwegen ôfslach fan lân moast it fjoerbeaken in pear kear ferhûzje mear it lân yn.

Yn 1837 waard in nij beaken boud, dy't yn 1844 wer ôfbrutsen waard foar de bou fan de hjoeddeiske fjoertoer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: