Heerenveense Koerier

De Heerenveense Koerier (oant 1 july 1946 Heerenveensche Koerier[1]) wie in regionaal deiblêd dat nei de befrijiing ferskynde. De krante waard útjûn op It Hearrenfean troch de Stichting Je Maintiendrai-Friesland en droech as ûndertitel onafhankelijk dagblad voor Midden-Zuid-Oost-Friesland en Noord-Overijssel. Sûnt begjin jierren fyftich ward it fuortset as Friese Koerier.

De krante ûntstie út it fersetsbulletin De Koerier en kaam yn plak fan it Nieuwsblad van Friesland, dat 'fout' west hie yn de Twadde Wrâldoarloch.[2] Haadredakteur wie Sjoerd van der Schaaf. Nei syn fertrek nei it Nieuw Utrechts Nieuwsblad (de Utertske edysje fan Het Parool) waard hy opfolge troch adjunkt-haadredakteur Fedde Schurer. Yn maaie 1952 waard de titel fan de krante feroare yn Friese Koerier.[3]

Kneppelfreed

Schurer skreau op 19 oktober 1951 ûnder de titel De laatste man van de Zwarte Hoop[4] in fel haadartikel nei oanlieding fan in rjochtssaak yn Ljouwerting tsjin in feedokter.[5] De sitting wie skorst omdat de feedokter gjin Nederlânsk sprekke woe. Yn reaksje op syn artikel waard op syn beurt Schurer deifurdige. Wylst hy op 16 novimber 1951 terjocht stie waard bûten it gerjochtsgebou in gearboskjen troch de plysje mei geweld út elkoar slein. Dizze 'Slach op it Saailân' stie dêrnei bekend as "Kneppelfreed". Yn 1956 waard it rjocht om yn de rjochtsseal Frysk te sprekken offisjeel befêstige (wet-Donker).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: