Holon (plak)

Holon (Hebriuwsk חולון, Cho-lon) is in stêd yn Israel op de sintrale kustflakte, fuort besuden Tel Aviv.

Holon (plak)
FlaggeWapen
Polityk
Lân Israel
DistriktTel Aviv
Gemeente
Sifers
Ynwennertal182.575 (2013)
Oerflak18,927 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens9.110 / km²
Oar
Stifting1936
TiidsôneUTC-5
SimmertiidUTC-4
WebsideGemeente Holon (in)
Lizzing fan Holon ynit distrikt Tel Aviv

Geografy

It plak is in part fan de stêdekloft Tel Aviv (Goesj Dan) en leit yn it distrikt Tel Aviv. Holon hat it op-ien-nei-grutste yndustrygebiet fan Israel, nei Haifa.

Samaritanen

De stêd hat in Samaritaanske mienskip fan likernôch 350 persoanen, ien fan de twa noch besteande. De oare is yn Kiryat Luza op de berch Gerizim.

Kultuer

In protte bekende Israelyske musisy waarden yn Holon berne. De stêd hat alle jierren in sjongfestival, Jamé Hazemer.

Boargemasters

NammeAmtsjierren
Dr Haim Kugel1940-1953
Pinchas Eilon1953-1987
Haim Shron1987-1989
Mosjee Rom1989-1993
Motti Sasson1993- no

Susterstêden

De symbolen fan Holon en guon susterstêden yn in park yn Holon


🔥 Top keywords: