Jan Jelles Hof

Jan Jelles Hof (De Gaastmar, 27 oktober 1872 - Ljouwert, 13 febrewaris 1958) wie in Frysk skriuwer, oersetter en sjoernalist.
Hy waard berne yn De Gaastmar as soan fan in skipper. Hy waard letter beropssoldaat en wurke as sjoernalist oan it Nieuwsblad Friesland, as haadredakteur by it Leeuwarder Nieuwsblad en wie redakteur fan Frysk en Frij (1945).
Hy hie in soad spul as lid fan de Fryske Beweging. Hie û.o. striidskriuwerij mei Douwe Kalma.Mei O.H.Sytstra in treflik kenner fan de Fryske folkstaal. Yn 1933 publisearre er de Friesche Dialectgeographie, in stúdzje dy't de Fryske dialektgrinzen yn kaart brocht op basis fan syn eigen fjildûndersyk.

Jan Jelles Hof
skriuwer
Jan Jelles Hof om 1906
Jan Jelles Hof om 1906
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonymJan fen'e Gaestmer
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne27 oktober 1872
berteplakDe Gaastmar
stoarn13 febrewaris 1958
stjerplakLjouwert
etnisiteitflagge fan Fryslân Frysk
wurk
taalFrysk
sjenrePoaza, poëzy, sjoernalistyk

Under de skûlnamme 'Jan fen'e Gaestmer' skreau er poëzij.

Bibliografy

poëzij:

  • Klankboarne (1906) (fermeardere werprintinge: Fan eigen Tiid en Folk, 1951)

proaza:

  • Omstikken en Sydstikken (1907)
  • De Greate Striid (1916)

skoalboek:

  • Yn eigen Tún (1909)

oersettings:

ferskaat

  • Nieuwe Friesche Spraakkunst ( mei O.H. Sijtstra, 1925)
  • Friesche dialectgeographie (1933)
  • Fjirtich Jier Taelstriid (1943) 4 dielen, 1940-1942
  • Dit en dat oer it Stedsk (1956)
  • brosjueres en artikels

Oer Hof en syn wurk

Douwe Kalma (1943) J. Tj. Piebenga (1957)

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: