Japansk skaken

Japansk skaken (Japansk: Shogi) is in foarm fan it skaakspul, sa't dy ûntstean liket te wêzen yn Japan.

Shogi boerd mei de stikken yn 'e begjinstân

Sibskip mei skaken

It komôf fan it spul is dúdlik it Yndyske Tsjatoeuranga, mar like dúdlik heart it ta in oar skaai as skaken. It grutste ferskil is dat stikken dy't slein binne troch de oare spiler wer ynbrocht wurde kinne as in stik foar de oare kant. Dat is yn ferhâlding lykwols in nije ûntjouwing, út de 16e iuw.

Regels yn it koart

Japansk skaken is a skaakspul foar twa, elts mei 20 stikkken, mei de der't de stikken allinnich ferskille yn de rjochting dy't hja hawwe. Stikken dy't it spiler nimt, kinne dêrnei troch dy spiler wer ynbrocht wurde mei de stikken de oare kant út. Stikken dy't op it boerd lizze, kinne oare stiken net foarby. Allinnich dat at in fijandich stik is, dan kin it slein wurde. De winstkondysje is it nimmen fan de generaal fan de oare spiler.

Oare spullen

Lykas skaken is ek Japansk skaken ien soarte yn in skaai fan besibbe boerdspullen.

🔥 Top keywords: