Dr. Joast Halbertsmapriis

(Trochferwiisd fan Joast Halbertsmapriis)

De dr Joast Halbertsmapriis is in priis foar skiednis, taal- en literatuerwittenskip en sosjale wittenskippen, dy't yn 1947 troch de provinsje Fryslân ynsteld is. De priis waard ynearsten om de twa jier, sûnt 1984 om de trije jier útrikt. De priis bestiet út oarkonde en in jildbedrach fan op it stuit €4000. De útrikking fynt plak yn Grou, it berteplak fan de nammejouwer dr Joast Halbertsma.

Dr. Joast Halbertsmapriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foarskiednis en taalwittenskippen
útrikt trochprovinsje Fryslân
frekwinsje1x yn de 3 jier
plakGrou (Fryslân)
ynsteld1947
1e útrikking1948
offisjele webside
gjint

Priiswinners

  • 2021 - Alpita de Jong
    • Joost Halbertsma 1789-1869. Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Een biografy (2018)
  • 2017 - Hotso Spanninga
    • Gulden vrijheid?: politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640
  • 2012 - Piet Hagen
  • 2009 - Oebele Vries
    • Asega, is het dingtijd?
  • 2006 - Arend Jan Gierveld †, Sytse ten Hoeve, Adri van der Meulen, Jan Pluis, Paul Smeele en Pieter Jan Tichelaar
    • Fries Aardewerk
  • 2003 - Johan Frieswijk
    • Syn hiele oeuvre.
  • 2001 - Goffe Jensma
    • Het rode tasje van Salverda.
  • 1997 - Ernst Taayke
    • Die einheimische Keramik der nordlichen Niederlande 600 v. Chr. bis 300 n. Chr.
  • 1994 - Yme B. Kuiper
    • Adel in Friesland 1780-1880.
  • 1991 - Ph.H. Breuker
  • 1988 - A. Feitsma
    • In tal stúdzjes ferskynd yn de jierren 1985-1987.
  • 1985 - Stéphane Lebecq
    • Marchands et navigateurs Frisons du haut Moyen Age.
  • 1982 - Harald Siems
    • Studien zur Lex frisionum.
  • 1980 - Pieter Wybenga
    • Bezettingstijd in Friesland
  • 1978 - J. Jansen
    • Rijkdom uit Workums verleden. De beschilderde Gildebaren.
  • 1976 - Douwe van der Meer
    • Sneupwurk op it mêd fan genealogy en skiednis.
  • 1974 - Johannes Faber
    • Drie eeuwen Friesland, Economische en Sociale ontwikkelingen van 1500 tot 1800.
  • 1972 - Oepke Santema
    • Syn hiele wurk.
  • 1970 - Hendrik Obreen
    • Publikaasjes op it mêd fan de Fryske skiednis sûnt 1956.
  • 1968 - Sytse Jan van der Molen
    • Wurk op it mêd fan skiednis en geakunde fan Fryslân, publisearre yn de jierren 1964 oant en mei 1967.
  • 1966 - J.J. Woltjer
    • Friesland in Hervormingstijd.
  • 1964 - Jacob Kalma
  • 1962 - M.P. van Buijtenen
    • Publikaasjes op it mêd fan de Fryske (rjochts)histoarje.
  • 1960 - A. Algra
    • Bydragen ta de skiednis fan tsjerke en skoalle yn Fryslân yn de 19e en 20e iuw, sa't dy opnommen binne yn de bondels (dielen II t/m V) De historie gaat door het eigen dorp.
  • 1958 - Herre Halbertsma
    • Wittenskiplik wurk op histoarysk en archeologysk mêd, publisearre yn de jierren 1954 oant en mei 1957.
  • 1956 - Douwe van der Ploeg en D. Franke
    • Plantenammen yn Fryslân.
  • 1954 - J.J. Spahr van der Hoek en O. Postma
    • Geschiedenis van de Friese landbouw, diel 1.
  • 1952 - Hartman Sannes
    • De geschiedenis van Het Bildt, diel I (1500-1700)
  • 1950 - D.J. Cuipers
    • De gemeene dorpsgronden in Oostergoo.
  • 1948 - Gerrit Knop
🔥 Top keywords: