Kamp Amersfoart

Kamp Amersfoort (Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort; PDA) wie ien fan de konsintraasjekampen yn Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich. It kamp lei yn oan de súdrâne fan Amersfoart, op de grins mei Leusden.

Kamp Amersfoart
De Wikipedy hat ek in side Slachtoffers Kamp Amersfoart.

Foar de oarloch

It terrein waard yn 1939 yn gebrûk naam as kazernekompleks foar Nederlânske demobilisearre militêren, dy't ynset waarden by de oanlis en ferbettering fan de Grebbeliny en de ferdigeningswurken om Amersfoart hinne.

Durchgangslager en Polizeigefängnis

Kampfinzenen, oerbrocht út Vught, by wurk oan de sjitbaan, 1943

Fan 1941 ôf die it kamp tsjinst as Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort (PDA) foar de Dútske besetter. It wie in trochgongskamp foar útstjoering nei Dútslân, mar it foldie seker ek oan de kriteriums foar wurkkamp of strafkamp. Op 18 augustus 1941 kamen de earste finzenen, in groep fan hast 200 kommunisten, út kamp Skoarl. It wiene oars net allinne politike tsjinstanners fan it nazyrezjym dy't yn de oarlochsjeirren yn it PDA bedarren. De grutste groep bestie út oppakte ûnderdûkers, meast jongens en manlju dy't oan de Arbeitseinsatz ûntkomme wolle hiene en no yn Amersfoort 'tared' waarden op arbeidzjen yn Dútslân. Ek lju dy't skuldich wiene oan ekonomyske fergripen, lykas swarthannelers en yllegale slachters, kamen yn it kamp telâne.

Yn 1943 waard hast de hiele kampbefolking oerbrocht nei Kamp Vught. Dat wie om in ferbouwing en fergrutting fan Kamp Amersfoart ta Erweitertes Polizeigefängnis Amersfoort mooglik te meitsjen.[1]

Amersfoart wie in wreed ferneamd kamp. Kampbeulen as de SS'er Kotälla wiene der de baas en harren wrede hâlden en dragen waard gjin strie foar de fuotten lein. Der bestie it wenstige systeem mei kapo's – finzenen dy't lieding joegen oan oare finzenen, mar faak wreed foar harren oer wiene. De finzenen moasten swiere arbeid út 'e wei sette hoewol't se mar in bytsje iten krigen.

Lieding

It kamp foel ûnder de ferantwurdlikens fan Wilhelm Harster, de 2e man ûnder generaal Rauter. Yn it kamp wurken ûnder oaren:

  • Walter Heinrich, kampkommandant fan augustus 1941 - 1 maart 1943
  • Johann Friedrich Stöver, SS-Schutzhaftlagerführer I en Heinrichs 2e man
  • Karl Peter Berg, SS-Schutzhaftlagerführer II en Heinrichs 3e man; hy wie opfolger fan Heinrich op 1 maart 1943
  • Joseph Kotälla, haad administraasje
  • Willy Engbrocks wie kampbewaker
  • Willem van der Neut wie kampbewaker
  • Berend Johan Westerveld wie Blockführer

Befolking

Yn de jierren 1941 oant 1945 hawwe dêr goed 35.000 minsken fêstsitten. Dêrfan waarden sa'n 14.000 trochstjoerd nei (meast Dútske) wurkkampen, en sa'n 5.000 waarden oerbrocht nei oare kampen. Goed 15.000 finzenen binne frijlitten, flechte, deasketten of fan lijen en brekme omkaam. Totaal 650 minsken stoaren troch Dútsk en Nederlânsk geweld.

Under de finzenen wiene ûnder oaren:

  • Joop Abbink
  • Floris Bakels
  • Philip Beek
  • Kees Bitter
  • Pim Boellaard
  • Willem Bouwhuis
  • Titus Brandsma
  • Hendrik Bron
  • Gilles Pieter Duuring
  • Wim Eggink
  • Arie Elpert
  • Dirk Willem Folmer
  • Coen Graaff
  • Henk Henriët
  • Jan Herder
  • Frans Kollerie
  • Piet Jongeling
  • Gerrit Kleinveld (koe yn 1943 ûntkomme, wat ferbylde waard yn de film De Bunker)
  • Max Kohnstamm
  • Johan Looijen
  • Abraham Menist (fusillearre)
  • Henri Pieck
  • Poncke Princen
  • Monne de Miranda (yn it kamp deadien troch Nederlânske meifinzenen)
  • Eric Roest, letter fice-admiraal
  • Johannes Rijpstra, boargemaster fan Zelhem
  • Johan Scheps
  • Jan Schouten
  • Henk Sneevliet (fusillearre)
  • Marius Soetendal
  • Auke Sybenga
  • Titus Willem de Tourton Bruyns
  • Jan Versteegt (dûmny)
  • Theun de Vries
  • Mom Wellenstein
  • Johan Hendrik Westerveld
  • Herman Bernard Wiardi Beckman
  • Eugeen Yoors

Yn 1943 waard de befolking fan it kamp hast hielendal oerbrocht nei Kamp Vught. Dat om reden fan in ferbouwing en útwreiding fan kamp Amersfoart dwaan te kinnen.

Fotogalerij

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: