Kanon fan de Fryske skiednis

De Kanon fan de Fryske skiednis, of Kanon fan Fryslân, is in list fan 41 ûnderwerpen yn it ramt fan de skiednis fan Fryslân. Meiïnoar moatte de ûnderwerpen in folsleine gearfetting fan de Fryske skiednis foarmje. De kanon waard op 11 novimber 2008 presintearre en oan deputearre fan de provinsje Fryslân, Jannewietske de Vries oanbean.

Edzard de Grutte, nûmer 9 op de Kanonlist.
Menno Simons, nûmer 12 op de Kanonlist.
Mata Hari, nûmer 26 op de Kanonlist.
De Ofslútdyk, nûmer 30 op de Kanonlist.
It toerisme op it Waad is nûmer 37 op de Kanonlist.

It plan ta it opsetten fan in Fryske kanon komt fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. De ûnderwerpen binne gearstald troch in ûnôfhinklike kommisje dy't ûnder lieding stie fan professer dokter Goffe Jensma. De provinsje wol mei dizze kanon de learlingen en dosinten fan it basis- en it fuortset ûnderwiis yn Fryslân middels oanbiede om by it skiednisûnderwiis te brûken.

Underwerpen fan de Kanon fan de Fryske skiednis

Der binne 41 ferskate ûnderwerpen útkeazen dy’t yn de Fryske Kanon foarkomme. De ûnderwerp kinne minsken wêze, mar ek guod, barren of oare saken dy't mei de skiednis fan Fryslân te krijen hawwe. Stik foar stik foarmje de ûnderwerpen in haadstik yn de Fryske skiednis. De haadstikken binne:

UnderwerpOmskriuwingTiidrek
1De koDe komst fan boeren en kijOm-ende-by 3400 foar Kristus
2De Hludana-stienYn kontakt mei de Romeinen12 foar Kristus oant 400
3HegebeintumFryslân yn terpetiidOm-ende-by 600 foar Kristus oant 1000 nei Kristus
4Skippers en keapljuDe bloeitiid fan de hannel450-1200
5Redbad en BonifatiusIn heidenske kening en in kristlike martler689-754
6Fryslân as kleasterlânDe gloarje fan de kleasters1100-1580
7De Fryske frijheidLeaver dea as slaaf1250-1498
8It Aldfryske rjochtFan Lex Frisionum oant Alde Druk800-1504
9Edzard SirksenaBouwer fan in Fryske steat1462-1528
10Grutte PierFrijheidsheld of barbaarOm-ende-by 1480-1520
11De Aytta’sFriezen yn foarstetsjinst1499-1577
12Menno SimonsDe doperske reformaasje yn Fryslân1496-1561
13WetterSwiet en sâlt, freon en fijân600 foar Kristus – no
14De kalkulearjende boerIt rekkenboek fan Rienck Hemmema1569-1573
15De Universiteit fan FrjentsjerTransformatorhúske fan leardens1595-1843
16Gysbert JapixSljocht en rjocht1603-1666
17Anna Maria van SchurmanLeard en leauwend1607-1678
18Sikko fan GoslingaEalman, regint, diplomaat1661-1731
19Maria Louise fan Hessen-KasselDe Nassaus yn Fryslân1688-1765
20Eise EisingaWenje yn in planetarium1744-1828
21Fan republyk nei ienheidssteatEardere frije Friezen1780-1813
22Joast Hiddes Halbertsma'Mister Fryslân'1789-1869
23It Oera Linda BoekIt mystifisearre Fryslân1867
24Domela en Piter JellesEarmoede en garisma1880-1900
25Nei it ‘lân fan dream en winsken’Emigraasje nei de Feriene Steaten1845-1914
26Margaretha Geertruida ZelleMata Hari1876-1917
27It gouden earizerMateriële kultuer en Fryske identiteit1840-1900
28BûterDe Fryske AEX-yndeks0-no
29Douwe KalmaFryslân en de wrâld1896-1953
30De OfslútdykFryslân ferbûn mei Hollân1932
31Titus BrandsmaIn roomske Fries1881-1942
32MolkstakingStaken wie noch nea sa gefaarlik1943
33Abe LenstraIn Fryske sportheld1920-1985
34KneppelfreedTaalstriid mei wapenstôk en wetterkanon1951
35De AlvestêdetochtKarnaval op it iis1909-1997
36Hendrik AlgraDe emansipaasje fan 'de kleine luyden'1920-1950
37Toerisme op it WaadUtwaaie op in eilân1800-no
38De ruilferkavelingDe ynfloed fan in Frysk foarbylddoarpTwadde helte 20ste iuw
39YndustrialisaasjeSwiertepunt ferskoot nei de Wâlden1949
40Gerrit BennerIn Ljouwerter skilder en syn Fryske lânskip1897-1981
41It FryskIt ferhaal fan in taalSirka 600 nei Kristus - no

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: